Hoofdtekst
De ierdmantsjes by de Tsjûkemar
Yn myn jonge jierren wienen der yn 'e Reahelle in bulte ferhalen oer ierdmantsjes. Us mem koe der jûnen lang fan fertelle, en in buorfrou ek, jûnen lang. Neffens de oerleveringen dy't ik heard ha wennen se yn 'e Polderdyk, mar foaral yn 'e sânige huchten. Yn Rotstergaast wennen se ek, yn dy sânhuchten.
It wienen grize mantsjes—minsken yn 't Iyts. De kleur fan 'e klean dy't se oan hienen wit ik net, mar der waard wol sein, dat se fan dy reade mûtskes op hienen, gewoan dy klotskes dy't de jonges mei it iis wol op ha, mei in knop der boppe op. As in ierdmantsje syn mûtske kwytrekke, wie er ferlegen.
Wat se krekt ieten en dronken, soe ik net sizze kinne. Ik wit allinnich, dat se ljurke-aaien fandelen. Oan 'e kant fan 'e Polderdyk sieten foarhinne in bulte Ijurken. Har nestkes hienen se oan 'e sinnige kant fan 'e Polderdyk. It binne unnoazele Iytse aaikes. Se waarden wol ierdmantsje-aaien neamd. Dêr waard dan sein: 'Der moatte jim âfbliuwe—dy binne foar de ierdmantsjes'. Wy namen noait gjin ljurke-aaikes wei.
Der waard ek wol sein, dat de ierdmantsjes fleane koenen. Dan sieten se op in grutte duorrebout. Sa ferpleatsten se har bygelyks per duorrebout nei it Skar yn Sint Jânsgea. Of se fleagen op sa'n manier nei in fisker op 'e Mar dy't swierrichheid hie en dy't se help bringe moasten. Se sieten der krekt op as bern op in houten hynderke. Dy duorrebouten begûnen dan wol te stowen, sei mem, en sa kamen der wolken fan sied om dy ierdmantsjes hinne.
De ierdmantsjes koe men winliken allinnich mar lêst mei krije, as men se fersteurde yn har wenplakken. In stee dêr't de ierdmantsjes ûnder de grûn wennen moast men bygelyks gjin hûs op bouwe. Yn sa'n hûs kaam ûnrest, der spoeke it.
It feantsjen hienen de ierdmantsjes soms ek lêst fan. Bygelyks as der bagger brocht waard op grûn der't de huskes fan 'e ierdmantsjes ûnder sieten. Dan koenen se der net mear út komme. Se makken dan, dat der grutte skuorren yn dy klyn kamen.
It wienen helpende wêzens, mar soms wienen se sels help fan 'e minsken nedich. It barde wol, dat se oan 'e Polderdyk by in frou kamen dy't se koenen en dy't in goede namme hie. Se fregen sa'nien dan om mei te gean en te helpen by de befalling fan in ierdwyfke. Sa'n frou waard, as de kream berêden wie, wer thúsbrocht, en, no, dan stie de bern fan sa'n minske mar alle goeds te wachtsjen. Dêr dienen se dan dit foar en dêr dienen se dat foar. Sa soargen se, dat dy bern by de maitiid heapen aaien fûnen. Der wienen doe wol folle mear aaien as no, ljipaaien, skriesaaien of eine-aaien bygelyks, mar men moast se wol fine kinne.
De ierdmantsjes dienen in bulte foar de froulju. Se spûnen wol foar har.
As in mem de widze mei har poppe der yn bûtendoar yn 'e sinne sette, dan kaam it ierdmantsje en ruoike dy widze, dat it bern tefreden yn 'e sliep foel.
Der waard ek wol sein, dat de ierdmantsjes om it hûs fan in freon hinne wennen en it beskermen. Sokke minsken kaam gjin kwea benei. Der moatte minsken west ha dy't dy ierdmantsjes sjoen hawwe.
In hiele bulte goede dingen waarden der fan 'e ierdmantsjes ferteld. Se laten de bern troch it tsjokke waar en kamen de fiskers te help dy't averij mei de boat hienen op 'e Mar. Gâns minsken ha se it libben rêden; spitigernôch dagen se net altyd op yn 'e need en binne der ek hiel wat Iju op 'e Mar omkommen. In pear fan sokke ferhalen kin ik my noch foar de geast bringe.
Op in winterske middei wienen der ris bern op redens it iis fan 'e Tsjûkemar op gongen. Se fermakken har tige, en doe waard it dan tiid om nei hûs, mar ûndertusken wie der in kistwurk ûntstien—dan is der wurking yn 't wetter en de skossen skowe tsjinmekoarren op. Dat dy bern koenen der net lâns nei hûs ta. In oar paad koenen se ek net fine—it rûn tsjin 'e jûn, it wie dizenich wurden oer 't iis en der sieten ek wekken yn. Dat se wisten net, wêr't se lâns moasten.
Mar ynienen wienen se hielendal omjûn fan Iytse dizenige grize mantsjes, in foet heech sa likernôch. Dy rûnen mar om 'e bern hinne, in ring fan wêzentsjes. Dêr wienen se feilich yn, en dy ring skode stadich nei de wâl ta, krekt oer plakken dêr't it iis betroud wie. Sa binne dy bern wer thúskommen.
De ierdmantsjes binne ek ris oan board kommen by in bokfarder dy't it op 'e Mar net mear rêde koe. Ien kear oan board, wienen it ynienen grutte skepsels, dy't de kloet hantearje koenen, en sa brochten se de bok (punter) nei de kant.
Altyd wienen it helpende wêzens yn dy ferhalen. Soms dienen se deselde goede dingen as dy fermoarde mûntsen ut it kleaster fan 'e Reahelle dy't yn ingels feroare wienen (nr. 133).

Beschrijving
De aardmannetjes zijn grijs en ze hebben rode mutjsjes met een bolletje erop. Als een aardmannetje zijn mutsje kwijtraakt dan wordt hij verlegen. Waar aardmannetjes wonen moet men geen huis bouwen, want dan gaat het er spoken. Het zijn helpende wezens, maar ze hebben soms ook hulp van mensen nodig. Er werd eens de hulp van mensen ingeroepen bij een bevalling van een aardvrouwtje. Als dank daarvoor knapten de aardmannetjes allerlei klusjes op.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 89-91
Commentaar
7 november 1975
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20