Hoofdtekst
Pleachbisten
Der wie dan it ferhaal fan ús mem, dat der in jongeman op in jûn let troch in hikke moast—hy wenne in ein it lân yn. Oan 'e iene kant soe er om 'e hikke hinne stappe, mar dêr leinen grutte, grouwe beesten—gjin kij. It wie in bytsje ljochtmoanne, dat hy koe se wol sjen. Hiele grutte eagen seagen se him mei oan en hy koe der net lâns. Doe woe er besykje om oan 'e oare kant om 'e hikke, en dêr leinen se wer.
Sa hinge er dêr in hiele tiid om foar dy hikke en hyltyd seach er mar yn dy grutte eagen. Dêr waard dy jongfeint stjerrende benaud fan, dat hy âle sa ôfgryslik, dat minsken dy't dêr net fier ôf wennen hearden him. It wie noch net sa let op 'e jûn. Dy minsken kamen der op ôf. En doe't se by dy hikke kamen, wie dêr oars net as de jongfeint. Ja, der rûnen kij yn 't lân. Mar dy jongeman wie sa ferskriklike kjel wurden fan wat er dêr sjoen hie, dat dy hat noch in wike of sân, acht libbe en doe is er út 'e tiid rekke.
Neffens ús mem is dit by Reahel of de Aldeouwer om bard.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Een jongeman moet een hek overklimmen om in het weiland te komen. Achter het hek liggen plaaggeesten, maar hij kan er net langs. Bij het volgende hek liggen ze er echter weer. De jongen is doodsbenauwd maar er komt hulp. De plaaggeesten vluchten.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 93
Commentaar
8 januari 1973
Poortinga neemt de verhalen YPFOE0068a, b en c onder een titel op. Ze worden hier als aparte verhalen aangemerkt.
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn)
Naam Overig in Tekst
Aldeouwer   
Oude Oever   
Naam Locatie in Tekst
Reahel   
Rohel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20