Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE069 - Myn hynder stiet al op 'e stal

Een sage (boek), maandag 17 oktober 1977

Hoofdtekst

Myn hynder stiet al op 'e stâl
In boer hie op in gearkomste wat te djip yn 'e romer sjoen. Doe't er nei hûs soe, seinen se tsjin him: 'Silst dat wol dwaan? Do moatst dat stik lân ek foarby dêr't it spoeket'. Hy sei: 'Spoekje? Dat hat noch noait sa west. Ik ha dat stik al sa lang yn gebrûk hân en noait in spoek fernommen'. Dat hy sette ôf.
En doe wie er op dy hichte en hy tocht, it is krekt, as is der wat oan 'e oare kant de sleat. En doe kaam dêr in stim wei: 'Navend!' Hy sei: 'Jûn!' Hy seach fansiden, en om him hinne—hy sei tsjin himsels, der is doch neat! Wêr sis ik 'jûn' tsjin? Hy rûn in ein troch, en doe tocht er, it is doch krekt as is der wat oan 'e oare kant de sleat. En op 'e nij kaam der in stim: 'Navend!' Hy sei wer: 'Jûn!' Mar doe frege er: 'Wa bisto einlik?' Mar dêr krige er gjin antwurd op. Hy tocht, ferhip!
Hy rûn noch in eintsje, en doe sei er by himsels, no kin 't my neat skele, mar ik wol witte, wasto biste! Der waard 'navend' sein, dus der moat ien wêze! Hy sprong oer de sleat, hy tocht, ast no aansen wer wat seiste, dan ha 'k dy dalik by de lurven!
Mar it duorre in skoftke, doe kaam de stim fan 'e reed dêr't er earst rûn hie. En dat wie wer: 'Navend!'
Dit kin noait, tocht er, mar ast mienste, datst my ha silste—ik krij dy fêst! Dat hy sprong op 'e nij oer de sleat. En wer seach er neat.
Hy rûn fierder oer de reed, en doe kaam der fan 't lân wer datselde: 'Navend!' Hy foar de twadde kear op 't lân. En as er op 't lân rûn, dan kaam de stim fan 'e reed, mar as er op 'e reed rûn, kaam it lûd fan 't lân. Dat gong sa in kearmannich hinne en wer.
De boer hie wol foar 't ferstân, dat dit spul lang net doogde, mar hy rekke net fan 't sintrum. Hy sei by himsels, der rint myn hynder en dat hynder bringt my thûs. Dan sille wy ris sjen, wa't hurdst kin, ik of dy duvel! Hy helle syn hynder op en ried sa hurd as er koe nei hûs.
Sûnder dat er wat besûnders fernommen hie, kaam er thús, mar doe't er efterhûs fan 't hynder stapte, klonk de stimme wer njonken him en dy sei: 'Myn hynder stiet al op 'e stâl!'

Beschrijving

Een boer heeft op een avond te diep in het glaasje gekeken. Wanneer hij naar huis wil waarschuwen ze hem dat hij langs een weiland moet waar het spookt. Hij gelooft dat niet en vertrekt. Onderweg hoort hij een stem maar ziet niemand. Hij gaat de stem achterna maar valt telkens in de sloot. Uiteindelijk geeft hij zijn paard de sporen en vlucht naar huis. Daar aangekomen hoort hij de stem zeggen dat zijn paard al op stal staat.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 93-94

Commentaar

17 oktober 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20