Hoofdtekst
Wite juffers
Te Jistrum, oan 'e noardkant, dêr krúst de Spoekloane de wei dy't fan Jistrum nei de Grinzerstrjitwei rint. Op dat krúspunt doogde it lang net. Dêr gong wol ris in wite gestalte dwers oer de wei, flak foar de minsken lâns. Ik wit noch wol, dat ien fan Durk Jaringa's jonges-se wennen oan 'e grutte strjitwei- de jûnes nei 'De Lindeboom' yn Jistrum west hie - sa hiet de jachtweide fan Jan van der Schors. It hie der tige gesellich west, hy hie in slokje dronke en om in oere of tsien, alven sette er op hûs yn. Hy kaam dêr op dy fjouwersprong en dêr gong dy wite gestalte flak foar him lâns. Hy waard sa kjel, dat hy stode hals oer de kop wer nei Justrum ta en dêr fûn er andergeloks noch lju yn 'e herberch. In pear ha mei him west en him by dat krúspunt lans holpen. Mar doe wie der neat mear te sjen.

Onderwerp
SINSAG 0310 - Andere Erscheinungen von Weissen Frauen
  
Beschrijving
Op een kruispunt vlak bij Jistrum spookte het 's nachts. Een van Durk Jaringa's zonen kwam 's avonds na een feestje bij dat kruispunt langs en zag een witte gestalte vlak voor zich heen zweven. Hals over kop rende hij terug naar Jistrum. Een paar anderen hebben hem later langs het kruispunt naar huis gebracht, maar van de gestalte was niets meer te zien.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 94-96
Commentaar
8 juni 1972
Deze sage is samengesteld uit verschillende verhalen, verteld door: Durk Veltman 20-9-'73; Gerritsje Gesine Kobus, 3-10-'73; Jelke K. Weistra, 22-6-'72.
Andere Erscheinungen von Weissen Frauen SINSAG 0303 Tanz der Weissen Frauen
Naam Overig in Tekst
Durk Jaringa   
De Lindeboom   
Jan van der Schors   
Naam Locatie in Tekst
Jistrum   
Eestrum   
Spoekloane   
Grinzerstrjitwei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20