Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE071 - De man yn 't wyt dy't wei waard

Een sage (boek), vrijdag 17 januari 1975

Hoofdtekst

De man yn 't wyt dy't wei waard
Myn broer Willem en ik wienen hjir yn Koudum by ús heit yn 'e bakkerij. In bakker begûn moarns altyd betiid, fjouwer oere der ôf en ek wol ris earder, en freedtenachts dan bakten we troch. Sa wie it ris op in moarn betiid; wy seagen út op 'e Boppedyk en der wie in grut plak greide, in bleek; wy hienen der skiep op. Dêr stie in man yn wite klean en dy kaam sa op 'e bakkerij ôf. Wy tochten, der komt ien oan út it fabryk, in bûtermakker of tsiismakker of sa. Hy rûn foar de bakkerijfinsters lâns en gong de steech út. Wy seinen: 'Wa is dat?' Ik der efteroan. En doe seach ik him even fierder by in oare bakker it steechje yngean. En doe ik dêr efter him oan, mar bakker Zylstra sei: 'Hjir hat net in man west. En it is hjir ôfsluten, dat hy kin ek nearne hinnegongen wêze'. Mar heit en myn broer seinen altyd, krekt as ik: 'Dit is absolút wier bard'.

Beschrijving

De verteller en zijn broer werken in Koudum bij vader in de bakkerij. Ze zien 's ochtends een witte man door de straten gaan. De verteller gaat erachter aan en ziet hem een andere bakkerij ingaan. Hij gaat ook naar binnen, maar de bakker heeft niets gezien of gehoord. Toch is het verhaal volgens de verteller absoluut waar gebeurd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 96

Commentaar

17 januari 1975

Naam Overig in Tekst

Zylstra    Zylstra   

Willem    Willem   

Naam Locatie in Tekst

Koudum    Koudum   

Boppedyk    Boppedyk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20