Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE072 - It wie as in fûgeltsje

Een sage (boek), vrijdag 16 december 1977

Hoofdtekst

It wie as in fûgeltsje
Us mem hie gauris in ferhaal, dêr hie us pake sels by west. Hy wenne oan 'e Spekloane, ûnder Boelensloane. Dêr fuortby hûsmanne op in boerespultsje âlde Tryn, dat wie in rarenien. Wy ha se noch wol sjoen. It wie in tsjoenster. Se hie ek in boek dat net baarne woe.
Fan âld- op nijjier tolve oere waard de boppedoar fan dat âlde spultsje iepenkletst en dan waarden dêr mei ien hân in flesse en in romer troch rikt. Alde Tryn pakte dat oan en dan geat se in romerfol yn. Dat romerfol smiet se oer it lofterskouder sa út 'e gong wei bûtendoar. 'Dat is foar dy't it helle hat', sei se dan, en it oare dronk se op.
It minske is stokâld wurden. Doe't se op har uterste lei, waard ús pake der by helle. Se koe net ta stjerren komme, beslist net, mar op 't lêst waard se doch wat rêstiger, en doe't de siken der út gongen, sei ús pake, doe kaam der wat út it âld minske, dat fleach yn 'e klok. It gong sa hurd ta, sei er, dat hy koe net krekt sjen, wat it wie. Mar it wie as in fûgeltsje.

Beschrijving

En oude vrouw ligt op sterven. De vader van de verteller is daarbij aanwezig en ziet iets uit haar lichaam treden. Het was als een vogeltje.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 96-97

Commentaar

16 december 1977
De tweede verteller is zijn broer Piter van der Brug.

Naam Overig in Tekst

Tryn    Tryn   

Naam Locatie in Tekst

Spekloane    Spekloane   

Boelensloane    Boelensloane   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20