Hoofdtekst
It ljocht waard wei yn in grêf
Foarhinne hearden wy wol ris fertellen fan in wylde lantearne. Ik kin net sizze, dat ik ien sjoen ha. In fiere nicht fan my hie him wol sjoen. De wylde lantearne kaam dan jûns, as 't tsjuster wie, sa mar te foarskyn en dwaalde fuort oer de wei hinne en ferdwûn. Der waard altyd tsjin ús heit sein: 'Pas op, de wylde lantearne dêr moatte jo net efteroan gean, dan krije jo ûngelokken'.
Doe't wy yn Aldegea (H.A.) wennen, gong dêr in ferhaaltsje oer in man, dy kaam op in jûntiid fan 'e slûs of—de slûs lei tichte by de mar—en dy soe nei it doarp ta. Op healwei seach er in ljocht, in moai grut ljocht, dat gong nei 't doarp ta. Hy sette der efteroan en yn 'e buorren seach er, hoe't dat ljocht nei it tsjerkhôf ta gong en dêr waard it wei boppe of yn in grêf. Yn Aldegea woenen se wol ha, dat hie ek in wylde lantearne west, mar it kin ek wol wat oars west ha.

Onderwerp
SINSAG 0182 - Wiedergänger als Irrlicht   
Beschrijving
De wilde lantaarn komt zo opeens tevoorschijn en dwaalt in het duister over de wei. Je moet niet achter de lantaarn angaan want dan gebeuren er ongelukken. Het licht lijkt op het licht van een graf.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 99
Commentaar
8 juni 1972
Wiedergänger als Irrlicht
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Oudega   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20