Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE077 - It skip mei sielen

Een sage (boek), zaterdag 09 december 1978

Hoofdtekst

It skip mei sielen
By âlds seinen se fan ien dy't ferstoarn wie: 'Dy sil op it westerein oankomme'. Dat ha 'k fan beppe. Mar de siel fan ien dy't altyd kwea west hat, seinen wy dan foarhinne, dy sil swevende bliuwe, dy komt net te plak. En beppe hie it dan ek wol oer dy skipper dy't altyd mei syn skipfol sielen omfarre moast.
Dat wie in skipper, dy hie in akkoart sluten mei de duvel. En foar de duvel moast hy de sielen fan 'e kweaden te plak bringe. Mar hy krige gjin opdracht fan 'e duvel, wêr't er hinne moast. Der waard wol sein fan it westen, mar net wêre. En wêr fine jo it dan yn 't westen? Hy kaam noait te plak. Hy moat altyd farrende bliuwe. Dêrom moat er nachts farre. Hy fart altyd, mar hy komt noait te lâne. Dy sielen komme net te plak, omdat se fan de Kweade útstjoerd wurde. De sielen fan dy minsken sweve mei it skip.
Beppe sei dan wol: 'Als jim no ris in skip sjogge, en dat hat gjin plak, dan moatte jim mar tinke, dat is it skip dat mei dy sielen fart'.

Beschrijving

Een schipper sluit een accoord met de duivel. Hij moet de zielen van de kwaden te pakken krijgen en in het westen afleveren. De duivel heeft echter niet vertelt waar, en zo komt het dat het schip met de zielen nu nog steeds doelloos rondvaart. De zielen van de mensen zweven er omheen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 99-100

Commentaar

9 december 1978
Zie ook Ype Poortinga, Die Uberlieferung von der Seelenfarth nach der Insel in Westfriesland, in: Friesisches Jahrbuch 1976. p. 94-119.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20