Hoofdtekst
It spoekjend frommis fan 'e Lange Loane
Hjir op 't Fean (Surhústerfean), hat ris in dokter west dat wie in frijgesel. Hy wenne mei syn suster. Dat wie in hiele frjemde keardel, de namme kin 'k op 't heden net betinke. Hy hie net in wein; hy gong geandefoet nei de pasjinten en dan hie er in dikke swarte hûn mei. As er fierder nei de klanten moast, dan helle er in hynder fan 'e stâl. De hûn gong dan likegoed mei. Mar hy doarst net allinne de Lange Loane del, want der spoeke it sa bot. Dan moasten se him bringe, want op 'e Lange Loane der kaam in frommis by Oeds Kûper del en dy rûn dwers oer 'e wei en waard wei yn dy dobbe by 't Lang Fal. Dat neamden se de Sape Ikkers, dat rûn rjochtút nei de Lauwers. Der ha se no fuotbalterreinen op.
Dat frommis moatte se yn dy dobbe ferdronken hawwe. Alle jûnen om in oere of healwei alven, alve oere—dat wie de tiid dat se fermoarde is—kaam se der oan stappen, en dan pons! plompte se yn 'e dobbe, dat it wetter by alle kanten op spatte. En dan kaam se der net wer út, se seagen har net wer. Se wie hielendal yn 't swart, in swarte jurk oan, in grutte swarte hoed op mei in fear der efter op.
Ik ha se twa kear sjoen, miende ik. It wetter bobbele al, mar der kaam noait wer wat út.

Beschrijving
De dokter uit Surhústerfean gaat altijd te voet zijn patiënten af. Hij heeft altijd de hond bij zich, en voor de verre klanten gebruikt hij zijn paard. Hij durft alleen niet op de Lange Loane te komen omdat het daar volgens hem spookte. Er was eens een geheel in het zwart geklede vrouw verdronken. Soms borrelt het water daar nog, maar ze is nooit meer boven gekomen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 110
Commentaar
9 juni 1976
Naam Overig in Tekst
Lange Loane   
Lange Laan   
Oeds Kûper   
Oeds Kuiper   
Lang Fal   
Sape Ikkers   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Lauwers   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20