Hoofdtekst
Spoekerijen op 'e Muontsgroppewei
By de Mûsgroppe wie foarhinne in boskje. (Se neamden it it Spoekeboskje, it is der no net mear.) Dêr moat ien fermoarde wêze en dêr is in swarte hûn foar yn 't plak kommen. De geast siet yn 'e hûn. Dy grutte swarte hûn wie der om tolve oere. Wy kamen dan fan 'e Spekloane ûnder Boelensloane ôf. Dêr wenne ús pake. Pake wie noch al tige bygelovich. Hy warskouwe ús altiten om dêr net om dy tiid lâns. Hy sei dan:
'Tussen twaalven en enen
Is alles op de benen'.
Ik wie altyd bliid, as it ien oere wie. Dan koe der ús neat mear oerkomme. It wie in pikkeswarte hûn. Ik ha withoelang deabenaud west foar pikkeswarte hûnen, dêr't net in wyt plakje oan sit. Dat is allegear kwea.

Onderwerp
SINSAG 0362 - Toter kehrt als Tier wieder. Erklärung der Erscheinung des Spuktieres.
  
Beschrijving
Er is iemand vermoord en de geest dwaalt 's nachts om twaalf uur bij een bosje rond in een zwarte hond. De vader van de verteller waarschuwde voor de hond.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 110-111
Commentaar
29 november 1977
Toter kehrt als Tier wieder. Erklärung der Erscheinung des Spuktieres.
Naam Overig in Tekst
Spoekeboskje   
Spookbosje   
Naam Locatie in Tekst
Mûsgroppewei   
Spekloane   
Speklaan   
Boelensloane   
Boelenslaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20