Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE094 - Spoekjende skrinkeldaeden

Een sage (boek), dinsdag 07 november 1972

Hoofdtekst

Spoekjende skrinkeldeaden
Op 'e Lytse Kampen te Boalsert stienen foarhinne twa behindige húskes. Yn it iene wennen in pear minsken sûnder bern en yn it oare in grutte húshâlding. It wie in oare tiid as no, elk moast himsels mar rêde. Winterdei wie der faak gjin fertsjinst. De minsken sûnder bern seagen wol kâns om simmerdei in pear sinten efterút te lizzen, mar de buorfrou mei de grutte húshâlding rekke no en dan yn 'e krapte en dan liende se wol ris wat. Sadwaande holp de iene de oare in bytsje mei troch de winter. As it dan wer wat rommer soppe, kaam it ek wol wer terjochte.
Op in kear hie dy iene frou tolf stoeren fan 'e oare liend om hoazzen foar de bern te breidzjen. En doe kaam de oare frou hommels te ferstjerren en de man bleau allinnich yn dat húske oer. De frou dy't it jild liend hie prakkesearre der net wer oer en it werombeteljen bleau der by. Mar se hienen der in reinwettersbak en dy brûkten se massaal. Op in jûntiid kaam se let út 'e stêd wei en doe seach se op it lid fan dy reinwettersbak in skelet stean, de hân útstutsen. De frou waard kjel en meiïens tocht se, hea, dat is myn buorfrou, dy freget om har jild. Se wie hielendal feralterearre en h ie gjin rêst, ear't se de tolf stoeren delteld hie. Doe fleach dat spoek yn 'e muorre op. Dit hat ús pake Ale Couperus my ferteld. Mar no kin ik der wat oan tafoegje, dat ha 'k sels ûnderfûn. Om 'e hoeke by de Wynberch stie foarhinne in urinoar. Op in jûntiid kaam ik derwei—ik sil sa'n twaëntweintich jier âld west ha—en doe seach ik efter de smidden twa froulju, dy stienen dêr foar in winkeltsje te praten. Mar efter dy froulju haw ik in skelet sjoen, in spoekfiguer. Ik koe der dwerstrochhinne sjen. En dy figuer hie de fûst omheech. Dat ik krige de gedachte, dy twa froulju berabje in ferstoarne frou. It fleach my oan en ik soe skreauwe, mar mei ferdwûn dy gestalte yn 'e muorre. Ik haw it noait wer sa belibbe.

Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Op de Lytse Kampen in Bolsward staan twee huisjes. In het ene wonen arme mensen, in het andere een rijkere huishouding. De vrouw met de grote huishouding leende 's winters wel eens wat aan de armen. Op een dag stierf de rijke vrouw en bleef haar man alleen achter. De arme vrouw dacht er niet over om het geleende geld terug te betalen. Wanneer ze uit de stad terugkomt zit er een skelet op de regenton. Ze denkt dat het de buurvrouw was die haar geld kwam opeisen. De arme vrouw had geen rust voor ze het verschuldigde bedrag terug had betaalt. De verteller heeft het spook ook gezien. Het stond met opgeheven vuist bij twaalf vrouwen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 111-112

Commentaar

7 november 1972
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe). Toter erscheint einem Familienlied (Hausgenossen), um ihm das Versäumnis bekannt zu geben.

Naam Overig in Tekst

Lytse Kampen    Lytse Kampen   

Ale Couperus    Ale Couperus   

Wynberch    Wynberch   

Naam Locatie in Tekst

Boalsert    Boalsert   

Bolsward    Bolsward   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20