Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE102 - De Spoekerspôle yn 'e Holken

Een sage (boek), september 1941

Hoofdtekst

De Spoekerspôle yn 'e Holken
Yn 'e Súdwesthoeke leit yn 'e Holken in lyts eilantsje, dat hjit de Spoekerspôle. Ik ha der gauris op stien en dan tocht ik oan it ferhaaltsje dat der oan ferbûn is.
Der wienen yndertiid fiskers, dy hienen dêr in tichtset. De feart fan 'e Holken nei de Dam men (Galam adammen) setten se dan nachts ticht. Der wie noch al wat trek, sadwaande koenen se nachts wol ris in moai soadsje fange. Allinnich, hja moasten oppasse, want de skipfeart wie iepen en as der moarns betiid in skip lâns kaam, koe dat de boel ferrinneweare. Sadwaande gongen de fiskers dêr tichteby lizzen mei har aakje. Se slepten wat en dan moarns ier nei de netten ta. Se leinen dan faak oan 'e pôle dy't no de Spoekerspôle hjit.
Op in kear leinen dêr wer fiskerlju en dy wienen de jûnes op bêd gongen. En middernacht—it wie goed tsjuster—hearden se ynienen in bûns. 'Wat is dat?' seinen se, 'wy moatte mar ris sjen'. Doe lei it spit, dêr't de aak oan fêst siet, op it dek. Hoe koe dat no? Wa helle soks no út? Se harken, mar der wie gjin mins te bekennen. No, dan it spit der mar wer yn en mar wer sliepe. Lykwols, se leinen noch mar krekt of dêr hie men itselde gedoch wer. En dat is nochris bard, trije kear efterinoar. Doe ha se fan ruten spile. Dit spul doogde net. Sadwaande hat dat eilantsje de namme fan Spoekerspôle krige.

Beschrijving

Een groep vissers legt aan en hoort 's nachts geluiden op het dek.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 116

Commentaar

september 1941
Zie ook Van der Molen, Segeboek. p. 69-70

Naam Overig in Tekst

Spoekerspôle    Spoekerspôle   

Galamadammen    Galamadammen   

Naam Locatie in Tekst

Holken    Holken   

Spokenpoel    Spokenpoel   

Dammen    Dammen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20