Hoofdtekst
Trije kear de telle op en del
Us heit en mem wienen noch jong, mem wie twaëntweintich en heit wie ornaris fan hûs om de kost te beskarreljen. Mar mem woe net altyd allinne yn 'e Westerein sitte. Se sei tsjin heit: 'Ik wol mei 't fjild yn, Keimpe hear!' Heit en mem tegearre yn 't fjild. Doe wienen se nachts by in boer en dy hie fan dy grutte weinen, fan dy alderwetske boereweinen. Dêr smieten se wat heaspul yn, in âld sek mei hea ûnder 'e holle, en dêr sliepten se as in roas.
De oare moarnes, doe't it sawat begûn te daagjen, waarde heit wekker en dy tochte, ik gean der mar stikem ôf. Want heit hie dêr by dy boer in pear stuollen te meitsjen. Hy ornearre, dan bin 'k aansen, as Akke wekker wurdt, in moai eintsje om 'e hoeke. Heit begûn te stuolwinen.
'Ik koe 't sawat sjen', sei er—hy hat it my withoefaak ferteld—'en sa't ik dêr te stuolwinen sit, rollet dy wein de hiele telle del nei de oare ein ta. No, ik tochte, wat is dat? En dêr komt dy wein ek werom, en giet op it âlde plak stean. En dêr lei mem yn. Ik tochte, ik dream doch net? Ik bin oan 't stuolwinen. Sjoch, dat moatst ik tinke. It duorre even, en dêr rolle de wein wer hinne. Wer hielendal nei de oare ein fan 'e telle, en hy kaam ek werom'. Doe't wy bern wienen, gyngen de kâlde rillings ús oer de lea, as heit it fertelde. 'Ik tochte', sei heit, 'ik meitsje Akke net wekker, want dan jammerje en raze en oangean—ik doch it mar net'.
Ta trije kearen ta rolle dy wein alhiel nei de oare ein fan 'e telle en kaam ek werom. Sjoch, en heit wie net in leugenachtige man! Hy wie in fromme man en hy hat it ús de lêste jierren noch wol ferteld. Wat is soks?

Beschrijving
De vader en moeder van de verteller waren nog jong toen zij op een dag op het veld bij een boer in het hooi sliepen. De volgende morgen werd de vader wakker en zag hij een wagen rijden. Hij denkt dat het een spookwagen geweest moet zijn.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 116-117
Commentaar
22 juni 1972
Naam Overig in Tekst
Akke   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Zwaagwesteinde   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20