Hoofdtekst
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen.
Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa treurich.
Ja, sei se, ik bin ek treurich. En sy fortelde him hwat dêr de reden fan wie.
Mar dy mynhear, dat wie de duvel. Dy sei: Jimme kinne wol jild fan my krije om in prachtich nij skip to keapjen.
Dat like it wyfke fansels tige goed ta. Mar doe sei de duvel: Under dit bitingst. Sadra jo de wite mûtse opsette, binne jo fan my. (As men yn 'e kiste kaem krige men de wite mûtse op. De duvel bidoelde dus: Sadré as jo dea binne, binne jo yn myn macht)
It wyfke nom it oan.
Sy krigen in prachtich skip en sy fortsjinnen goed. Doe op in kear sieten se togearre op it dek. De skipper siet njonken it wiif. Sy helle in wite mûtse foar it ljocht en sette dy op. Mar sy hie 't noch net dien, of de man snijde him gau yn 'e pols en hâldde de bliedende pols boppe de wite mûtse. Doe wie dy mûtse net mear wyt, mar readbont.
Sy hearden oan 't skip, dat de duvel al op komst wie. De mêst gong al fan 't skip en it kreake dat it hwat die. Mar mear gebeurde der net. Hy kom net by 't minske. Hwant sy hie de wite mûtse op hawn, mar doe wie hy der net west, nou jildde de ôfspraek net mear. Sy hâldden it moaije nije skip en it gong har fierder goed.

Beschrijving
Schippersvrouw verkoopt zich voor een nieuw schip aan de duivel, op voorwaarde dat als zij een witte muts draagt, zij in zijn macht is. Als zij eens een witte muts opzet snijdt haar man zich en laat het bloed op de muts vallen. Ze horen dat de duivel er aan komt, maar hij is er niet als ze de witte muts op heeft. Door het bloed op de muts is de afspraak niet meer van kracht.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 6, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
circa 1965
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21