Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0007A01

Een sage (mondeling), 1963 - 1966

Hoofdtekst

Myn folk wenne op 'e Eibertsgeasten. Froeger wie der in paed, dat fan 'e Hegewei dêrhinne roan.
Dat paed bochte hiel bot en it gong troch in boskje.
Op in joun kom ien dat paed del. Hy wenne op 'e Eibertsgeasten, dêr't er hinne soe. Midden yn 'e bosk dêr't it paed in hoeke makke, seach er in lykstaesje oankommen. Alle minsken dy't der achteroan roannen koed er. Se kommen allegearre fan 'e Eibertsgeasten, ek deselde dy't de lije yn 'e hannen hie. Foar de wein roan in blau en in brún hynder.
Hy koe maklik neigean hwa't der stoarn wie. Doe't er thúskaem, wie er sa bleek as in doek en alhiel fan 'e wize. Hy fortelde hwat er sjoen hie en hwa't der stjerre soe. Mar net ien dy't it leauwe woe. Hwant dyselde dat wie in boer en dy wie al sa soun as in fisk.
Mar fjirtsjin dagen letter doe krige dy boer longontstekking en trije dagen letter wied er samar dea.
It swarte hynder wie yn dy tiid forkleure, it wie blaugriis woarn. Sa kom der in blau en in brún hynder foar de wein.

Onderwerp

SINSAG 0482 - Das weisse Pferd vor dem Leichenwagen gesehen    SINSAG 0482 - Das weisse Pferd vor dem Leichenwagen gesehen   

Beschrijving

Man ziet op een avond een lijkstoet voorbij komen, hij herkent de dode en het gevolg. Voor de wagen lopen een blauw en een bruin paard. Niemand hecht geloof aan wat hij heeft gezien, maar enige tijd later sterft de persoon, voor de wagen lopen een blauwgrijs en een bruin paard, want het zwarte paard is aan het verkleuren.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 7A, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

ca. 1965
Das weisse Pferd vor dem Leichenwagen gesehen

Naam Overig in Tekst

Eibertsgeasten    Eibertsgeasten   

Naam Locatie in Tekst

Hegewei    Hegewei   

Hogeweg    Hogeweg   

Plaats van Handelen

Oudega    Oudega   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21