Hoofdtekst
Doe't myn suster in great fanke wie, sahwat in twintich jier âld, krigen wy in hynder. Dat hynder wie trije jier. Wy kochten it op in boelguod yn 'e Pein. Doe seach myn suster us op in nacht, wylst dat se op bêd lei, dat it hynder hiel wyld woarde. It sloech en it skopte sa bot, dat it trape de muorre der út. Doe sleepten se it hynder yn 'e skuorre en dêr stoar it. Doe hongen se it op oan in dwarsbynt. Doe kom der in hege wein mei twa hynders der foar en dy helle it op.
Fuort de oare deis fortelde se hwat se sjoen hie. Mar doe wie it hynder noch krekt sa soun as hwat. Der wie neat mei it dier to rêdden.
Mar in dei letter krige it hynder de kolyk. De muorre skopte er stikken. It hynder woarde yn 'e skuorre sleept, it stoar, it kom to hingjen en it woarde troch in hynsteslachter út Ljouwert ophelle yn in hege wein.
It gebeurde allegearre krekt sa lyk as myn suster it sjoen hie.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Meisje ziet dat een paard wild wordt en sterft, wordt opgehangen en opgehaald. Als ze het vertelt is het paard gezond, een dag later komt uit wat ze heeft gezien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 7A, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
ca. 1965
Andere Todesvorzeichen
Naam Locatie in Tekst
De Pein   
Opeinde   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Plaats van Handelen
Oudega   
Kloekenummer in tekst
B096p   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21