Hoofdtekst
Der binne slangen, dy ha in kroantsje op 'e kop. Dat binne de koaningen. Sa'n koaning mat men noait deameitsje, hwant dan komme alle slangen út wraek op jin ta. Dat is ris gebeurd op 'e Hearrewei ûnder Nyegea. In man hat dêr doe in slangekoaning deahoud. Alle slangen kommen út wraek op him tasetten. De man wie deaforlegen. Sy hienen him fêst deamakke, as dy man syn jas net útsmiten hie. Dêr setten al dy slangen doe gau op ta. De man naeide hurd út. Sa hat er it der noch levend ôfbrocht.
Onderwerp
SINSAG 1351 - Die Krone des Schlangenkönigs.   
Beschrijving
Koningen onder de slangen, herkenbaar aan een kroontje op de kop, mogen niet worden doodgemaakt. Dan komen alle andere slangen wraak nemen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 7B, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
ca. 1965
Die Krohne des Schlangenkönigs
Naam Locatie in Tekst
Hearrewei   
Nyegea   
Nijega   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
