Hoofdtekst
Mei de kikkerts is it ek sa. De kikkerts ha ek in koaning. As men de koaning fan 'e kikkerts deamakke, dan wie 't ek hiel slim. Dy koaning koe lûd jaen, hy koe piipje. Op in kear makke in man de koaning dea. Doe kommen alle kikkerts op him ta, hwant dy hearden it piipjen fan 'e kikkertkoaning. De man kom ûnder en ûnder 'e kikkerts to sitten. Hy wie deabinaud, mar hy hat it der noch levend ôfbrocht.
Onderwerp
SINSAG 1351 - Die Krone des Schlangenkönigs.   
Beschrijving
Kikkers nemen wraak op degene die de kikkerkoning doodt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 7B, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
ca. 1965
Die Krohne des Schlangenkönigs
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
