Hoofdtekst
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert.
Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach, draeide se har fuort om. Mar de man fan 'e tinte dy sei: Jo matte fral goed sjen, hwant dizze dat wurdt jou man. Mar sy sei: Dy wol ik net ha. Dy is my fiersto âld. It liket my nei fleanen net.
Nei forrin fan jierren rekke har frou yn 'e stêd dea. Doe krige se fakânsje en sy sette nei Oerterp ta. Mei de Drachtster boat oan Drachten ta en fierder roan se fan Drachten nei Oerterp.
Dêr seach se ien oankommen. Dat wie Ruerd Planting. Ruerd seach der och sa kreas út, hy hie de pronk oan. Hwat is Ruerd moai, sei se. Hy hie krekt deselde klean oan as doe't se him sjoen hie yn 'e toverspegel. Hwer silst hinne? frege se.
Ik sil nei in brulloft ta, sei er. Dy en dy sille trouwe en dêr sil ik hinne.
Sy mocht him nou wol leije en in skoft letter binne se troud.

Onderwerp
SINSAG 0688 - Der Zauberspiegel   
Beschrijving
Vrouw die voor toverspiegel staat krijgt te horen dat ze zal trouwen met de bekende man die in de spiegel te zien is. Ze wil deze man niet, maar na verloop van jaren komt ze hem weer tegen en bevalt hij haar, waarna ze trouwen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 7B, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
ca. 1965
Der Zauberspiegel. Zauberer lässt Ereignisse in weiter Ferne (in der Zukunft, Vergangenheit) schauen
Naam Overig in Tekst
Ruerd Planting   
Ruurd   
Naam Locatie in Tekst
Oerterp   
Ureterp   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Drachten   
Plaats van Handelen
Leeuwarden   
Kloekenummer in tekst
B056p   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21