Hoofdtekst
Greate Sjoerd Koedriuwer wenne oan 'e Achterwei yn Sumar. Hja hienen in fanke fan fiif jier. Dat wie Sibbeltsje. Dat fanke, dêr siet gjin skroed yn, it bern tsjirme. Sjoerd kom by ús heit. Hy sei: "Wytstû ek ried?" Heit sei: "Dû mast nei Wopke de duvelbander ta gean." Doe die Sjoerd dat. Wopke sei: "It bern is bitsjoend. Der is in âld minske, dat wennet njonken jimmes. Dy komt faek by it bern to leaven (= moai, leaf prate). Dan seit se: Leave pop, en al sa mear. Der sitte omtrint trije krânsen yn 't kessen, dat sy is noch to redden. Hjir is guod foar 't bern. Mar pas op 'e flesse. Hwant op dat en dat plak ûnderweis sil der in greate, swarte houn by jo opspringe, krekt op it plak, dêr't jo de flesse ha. Tink der om dat hy der net by komme kin, hwant dan is de drank wei."
Sjoerd gong op stap nei hûs ta. Underweis snijde er [in] grouwe kneppel ôf. En wrachtich, krekt op it plak dat Wopke neamd hie, dêr hienen je al in grouwe, swarte houn. Dy woe by Sjoerd opspringe, mar Sjoerd ûnderhelle de stok en sloech de houn flak foar de kop. Doe kom er thús.
't Ald wiif bleau in dei of hwat wei. In pear dagen letter, dêr kom se delsetten, de holle alhiel yn 'e wynsels. "Hwat ha ik in pine yn 'e holle", sa earmoede se mar hwat.
"Ja," sei Sjoerd, "ik ha dy tsjin 'e harsens slein, hè, dû woest myn drankje naderje. Mar dit ha 'k dy to sizzen, dat bern mast better meitsje, oars snij ik dy mei dit mes de kop ôf." Hy liet har it mes sjen. 't Wie in great mes. It âld minske preuvele fremde wurden, wylst se mei de hannen oer it bern hinne meneuvele.
It bern woarde better en hat letter noait wer lêst hawn. Mar âlde Bouwe Akke kom net wer by Sjoerd Koedriuwer oer de flier.

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Met zijn zieke kind gaat iemand naar een duivelbanner. Deze constateert dat het kind betoverd is en geeft hem een drankje mee. Ook voorspelt hij dat een hond zal proberen hem dit af te pakken. Onderweg komt hij een hond tegen en hij slaat deze met een stok. Een oude vrouw zit later onder de blauwe plekken. Onder dreigementen prevelt ze enkele woorden terwijl ze het kind over het hoofd strijkt. Het kind wordt weer beter.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 8, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 januari 1966
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen
Naam Overig in Tekst
Sjoerd Koedriuwer   
Sibbeltsje   
Wopke   
Bouwe Akke   
Naam Locatie in Tekst
Achterwei   
Sumar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21