Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000810

Een sage (mondeling), zaterdag 15 januari 1966

Hoofdtekst

Der wie in jonge boer, dy wenne oan 'e Achterwei yn Sumar, op 'e plaets, dêr't nou Bonne Algra wennet. Syn mem en syn suster wennen yn it hûske dêrnjonken. De boer hie in famke, dat wie altyd siik. Mar de dokters koenen it bern net geneze. It bern tsjirme. De boer hâldde in bulte fan jeijen. Hy siet wol gau us achter in grouwe hazze oan, mar dy koed er noait krije. Hy skeat altyd mis.
Op in kear doe hied er de hazze wer foar de loop. Hy skeat en rekke it beest mei hagel. It hier fan 'e hazze stoude der nei, mar hy roan fuort, op it hûs fan 'e boer syn mem ta.
Doe't de boer even letter by syn mem kom, siet dy mei doeken om 'e holle hinne.
De jonge boer sei: "De hazze, dy't ik nyskes rekke ha, dat wie mem. Mem is in tsjoenster. En mem hat ús bern bitsjoend."
De dochter sei: "Mem kom nyskes hiel hurd ta de doar ynsetten."
De soan sei: "Mem mat hurd myn bern wer better meitsje, oars doch ik mem dea." It âld minske hat doe it bern wer better makke.
Datselde minske koe har net allinne yn in hazze foroarje, mar ek wol yn in houn of in kat.
Hja learde har dochter it tsjoenen ek. Guon ha dy dochter sizzen heard: "Mem, ik kin al fan 'e achterdoar op 'e pomp fleane."

Onderwerp

Sinsag 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    Sinsag 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Het kind van een boer is ongeneeslijk ziek. De boer jaagt vaak. Een haas raakt hij nooit tot op een dag, maar het dier kan nog wegkomen. Thuisgekomen blijkt zijn moeder een doek om haar hoofd te hebben. De moeder is degene die het kind heeft betoverd en onder dreigementen onttovert ze het kind. De moeder kan zich ook in een hond en een kat veranderen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 8, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

15 januari 1966
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen

Naam Overig in Tekst

Bonne Algra    Bonne Algra   

Naam Locatie in Tekst

Achterwei    Achterwei   

Sumar    Sumar   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21