Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000811

Een sage (mondeling), zaterdag 15 januari 1966

Hoofdtekst

Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
As jonges rôpen wy him achternei:
Piter Poes
mei de hannen yn 'e boes,
it himd op 'e teannen,
dêr komt Piter Poes oanfleanen.
Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr stie Piter Poes al. Krekt as wied er út 'e groun opriisd. De jonges woarden sa binaud, dat sy nommen de klompen yn 'e hannen en dat wie rinne sa ha je net.
Piter Poes tsjoende sels. Hy hie in ilastiken poppe. En dêr stuts er yn mei in stopnuddel. Dat die er jouns. Dan hied er de blinen ticht. De minsken dy't er bitsjoend hie, krigen dan pine. Hy hat âlde Egbert en Fin deatsjoend. (E. en F. wienen man en wiif) Har pakesizzer, healwize Egbert hat it sels forteld.

Onderwerp

SINSAG 0531 - Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.    SINSAG 0531 - Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.   

Beschrijving

Piter Poes is een duivelbanner. Ook tovert hij. Een keer komt hij plotseling als uit het niets te voorschijn. In een pop steekt hij met een naald. Degene die hij betoverd heeft, voelt dan pijn.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 8, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

15 januari 1966
Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.

Naam Overig in Tekst

Piter Poes    Piter Poes   

Pasterijelânnen    Pasterijelânnen   

Egbert    Egbert   

Naam Locatie in Tekst

Sumarreheide    Sumarreheide   

Fin    Fin   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21