Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000906

Een sage (mondeling), maandag 17 januari 1966

Hoofdtekst

Der wenne op 'e Sumarreheide in frou, dy gong der deis altyd op út to arbeidzjen. Dan bleauwen har beide famkes togearre thús. As se fuort gong, dan gongen de beide famkes nei de skuorre ta. Dêr kommen altyd twa oare famkes by har, dêr't se mei boarten. Dy beide famkes hienen gjin klean oan en dânsen om in stile yn 'e skuorre hinne. Op in kear fortelden de beide oare famkes dat oan har mem. Doe helle dy de dûmny op. De dûmny hat de beide neakene berntsjes oansprutsen. It wienen berntsjes, dy wienen dêr troch de âlden formoarde woarn. En se wienen bigroeven sûnder deaklean oan. Nou koenen se de rêst net fine. Op oanstean fan 'e dûmny hat it minske foar de nacht klean foar dy twa berntsjen op in stoel dellein. Doe hearde se yn 'e nacht dúdlik, hoe't der hwat fan dy klean ôfskuord woarde. It iene kleedtsje hie hwat to lang west. In stik dêrfan lei de oare deis noch op 'e stoel. Dêrnei ha de berntsjes noait wer yn 'e skuorre west.

Beschrijving

In een schuur dansen altijd twee naakte meisjes. De dominee stelt vast dat het twee daar vermoorde meisjes zijn. Hij raadt aan om in de schuren kleren neer te leggen. De meisjes trekken ze aan en komen niet meer terug.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 9, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

17 januari 1966

Naam Locatie in Tekst

Sumarreheide    Sumarreheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21