Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001209

Een mop (mondeling), woensdag 26 januari 1966

Hoofdtekst

Der wienen in boer en in frou. De frou wie baes. De boer sei: Ik woe wol ris wite of der gesinnen binne, dêr't de man baes is. Dêr ha 'k trije hynders foar oer. Doe stjûrde hy syn feint der op út mei trije moaije hynders: in blauwen, in brunen en in swarten èn mei in kuorfol apels. Dêr moest de feint mei by de huzen lâns. En rounom moest er freegje hwa't dêr yn 'e hûs baes wie, de man of de frou. Wie de man baes, dan mochten se in hynder ha, mar as de frou baes wie, dan krigen se twa apels.
Mar hwer't er kom, oeral wie de frou baes. Doe kom er op it lêst op in plak, dêr sei de man: Ik bin baes. Dan krije jo in hynder, sei de feint. Jo meije útkieze út 'e trije. Dan kies ik de blauwe út, sei de man. Mar doe kom it wiif der by en dy sei: Gjin sprake fan hear, gjin blau hynder. Dat is samar smoarch. It swarte wol 'k ha.
Ik hear it wol, hwa't hjir baes is, sei de feint en hy joech harren twa apels.
Hy hat noch by forskeidene huzen lâns west, mar hy kom mei de trije hynders werom by de boer.

Onderwerp

AT 1366A* - Search for Husband in Command    AT 1366A* - Search for Husband in Command   

ATU 1375 - Who Can Rule his Wife?    ATU 1375 - Who Can Rule his Wife?   

SINAT 0905* - Das Geschenk für den Mann, der Herr im Hause ist.    SINAT 0905* - Das Geschenk für den Mann, der Herr im Hause ist.   

Beschrijving

Bij een boerenechtpaar is de vrouw de baas. De boer wil weten of ergens de man de baas is. Hij stuurt zijn knecht er op uit met drie paarden, een blauwe, een bruine en een zwarte, en een mand appels. De knecht moet overal vragen wie in huis de baas is. Als de man de baas is krijgen ze een paard, als de vrouw de baas is krijgen ze twee appels. Overal is de vrouw de baas, totdat hij ergens komt waar de man zegt dat hij de baas is. De man kiest het blauwe paard, maar zijn vrouw zegt dat daar geen sprake van kan zijn, ze wil de zwarte. Ook hier kan de knecht alleen twee appels geven. Hij zoekt nog verder, maar komt uiteindelijk met de drie paarden terug bij de boer.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 12, verhaal 9 (Archief Meertens Instituut)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21