Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001704

Een sage (mondeling), zaterdag 19 februari 1966

Hoofdtekst

Yn 'e Frânse tiid ha de Frânsen hiel Fryslân forovere, mar Aldegea koenen se net krije. Dat kom sa: Doe't de Frânsen yn oantocht wienen en de kant fan Drachten út weikommen, - sy wienen oan 'e Syl takom - doe kommen de boeren en de oare yngesetenen fan Aldegea har tomjitte. Gripen en foarken en stiennen en al sok ark hienen se by har. Mar sy hienen ek bijekuorren meinom. De bijekuorren droegen se op kleden. Troch it gestommel mei 't forfieren wienen dy bijen al hwat lulk woarn.
Doe't it dan oan 't gefecht ta wie, wipten de bijkers, dy't omraek mei it bijefolk omgean koenen, de kuorren om, midden tusken de Frânse soldaten. De bijen stutsen har sa folle se mar koenen, dat dy soldaten naeiden hurd út. Fan pûrrazendes ha doe dy soldaten ûnderweis mei de sabels op in grouwe stien houd.
Dy stien leit nou noch oan 'e Aldegeaster wei. Se ha der in hekje omhinne set. De sabelhouwen op 'e stien binne bêst to sjen.

Beschrijving

De Fransen hebben heel Friesland bezet behalve Aldegea. In Aldegea hebben ze tijdens het gevecht met de Fransen de bijenkorven omgegooid. De bijen hebben de Fransen aangevallen en de Fransen hebben zich woedend teruggetrokken.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 17, verhaal 4

Commentaar

19 februari 1966

Naam Overig in Tekst

Frans    Frans   

Syl    Syl   

Naam Locatie in Tekst

Frankrijk    Frankrijk   

Friesland    Friesland   

Fryslân    Fryslân   

Aldegea    Aldegea   

Oudega    Oudega   

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21