Hoofdtekst
Fersteurde hoikesjongerij
Doe't ús heit sa'n jonge baas wie, hjir yn 'e Harkema, doe wie it hjir kleare klinkende earmoed en hy en syn maten krigen net folle yn 'e roppert. Doe praten hy en in pear oare jonges ôf, se soenen meiïnoar om apels. Earst kamen se by in boer en krekt soenen se dêr yn 't hôf, doe kaam der in fyts oan. Dy hie gjin lampe op. Se seinen: 'Yn 'e wâl!' It wie ljochtmoanne, sadwaende seagen se dy fyts, mar der wie neat op, dêr siet net in man op! Mar sa't er njonken har wie, belle dy fyts. Doe seinen se: 'Hjirwei—dit doocht net. Dan moatte wy mar nei in oarenien, dêr sitte ek noch apels'.
Doe wienen se oan dat oare hôf ta, mar dêr rûn iderkear in dier foar har lâns, in dik beest, hja wisten eins net, wat it wie. Mar hja wienen bang woarn en doe seinen se wer tsjininoar: 'Hjirwei! Wy geane nei in oar plak ta'.
Doe wienen se op 'e strjitwei, by dat oare plak, en dêr kaam wer in fyts oan, de lampe wie op en it wie Ijochtmoanne. Sy seinen: 'Yn 'e wâl!' Mar wer siet der gjin minske op dy tyts, en doe't dy njonken har wie, dêr't se beskûl sieten, doe belle dy fyts en hy ried dwers troch de muorre hinne nei it hôf ta dêr't hja de apels wei helje woenen. No, it is net te leauwen, it jout neat. It kin net.

Beschrijving
De vader van de verteller was eens met een paar vrienden op stap toen ze in het hof van een boerderij een fiets zagen rijden zonder dat er iemand op zat. Wanneer ze de fiets later nog weer eens zien verdwijnt deze dwars door een muur.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 117
Commentaar
20 december 1971
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20