Hoofdtekst
Bloedplakken op 'e skuordoarren
In eintsje bûten Wjelsryp oan 'e Frjentsjerter Feart hat yndertiid in âld pleats stien en dy neamden se Rumeda-state. Dêr wenne in âlde boer op mei syn húshâldster. De nammen wit ik net krekt mear. It wie algemien bekend, dat der aardich sinten sieten, hoewol't de man mar ienfâldich libbe.
It wie yn 'e simmer fan santjinhûndert en njoggenentachtich, yn augustusmoanne. Dy simmers waard de Frjentsjerter Feart slatten. Op in moarntiid ier kaam it folk en doe hearden se: 'Fannacht is hjir wat ferskrikliks bard'. Se hienen dy âld boer by de skuordoar lizzen Mn en syn húshâldster fûnen se in eintsje fierder lizzen. Beide wienen se fermoarde.
Dat joech fansels in alderôfgrysliksten opskuor yn sa'n Iyts doarpke. Sadwaande is dat feit bekend bleaun. Der is ek in rymstik, in liet, fan makke. Sokke dingen waarden dan printe en útsutele. Der moat in eksemplaar fan bewarre bleaun wêze.
It wie in nuver gefal: de dieders hawwe se noait krije kinnen, al hoefolle ûndersyk as der nei dien is. Wol moat neffens de oerlevering in smid út 'e Westerein —dat is de oare ein fan Wjelsryp—op syn stjerbêd bekend hawwe, dat hy mei skuldich stie oan dy dûbele roofmoard. Mar in oare lêzing seit, dat dy moard begien is troch it slattersfolk fan 'e Frjentsjerter Feart. Want fuort nei de moard soenen in pear fan dat slattersfolk stil weiwurden wêze en dy ha se noait wersjoen.
In jier of santich letter is dy pleats ôfbaarnd. Dêr is ek wer in nijenien kommen. Der wennet no in famylje Bouma. Mar it nuvere fan it gefal wie: fan 'e tiid ôf dat dy moard bard wie, fûnen se in bloedplak tsjin 'e skuordoarren oan—sa likernôch yn 'e iepening fan 'e skuordoar of flak der bûten moatte dy beide minsken ek mei ien of oar swier foarwerp deaslein wêze—mei hokker foarwerp dat wie net mear nei te gean. Mar dêr wie in bloedplak oan 'e skuordoarren, en doe't de pleats letter ferve waard, doe strieken se dat bloedplak ek oer, mar it kaam der njonkenlytsen wer troch. Doe hat dy ferver dêr wer mei te set west, mar hy koe it noait sa krije, dat dat bloedplak net wer yn 't sicht kaam. It wie krekt as it teken fan Kaïn. Dy hie syn broer deaslein, en Kaïn krige in teken, der't elk dy't him seach him oan kenne koe as de bruorremoardner.
De lju ornearren, ier of let soenen se de dieders fan dy moard fine, salang moast dat plak der bliuwe. Lykwols, it bloedplak is no fuort—de pleats bestiet net mear— sûnder dat de dieders fan 'e moard bekend wurden binne.

Onderwerp
SINSAG 1128 - Unausloschliche Blutflecken.   
Beschrijving
Op een boerderij vlak bij Wjelsryp woonde een oude boer met zijn huishoudster. De man was erg rijk, maar desondanks bleef hij heel eenvoudig. Op een zomer zijn zij beiden dood gevonden. Ze bleken te zijn vermoord. De daders van deze dubbele roofmoord zijn nooit gepakt, ondanks het intensieve speurwerk van de politie. Volgens de overlevering zou een smid uit Westerein op zijn sterfbed de moord bekend hebben. Een andere lezing is dat het 'baggersvolk' die de sloten uitdiepten achter de moord zaten. Later zijn er op de plek van de moord vreemde dingen gebeurd. Zo zijn er bloedvlekken op de deur te zien die telkens weer terugkomen, als een soort Kaïnsteken.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 118
Commentaar
12 december 1977
Van deze moord moet volgens de verteller ook nog een lied gemaakt zijn dat wellicht ergens bewaard gebleven is.
Unauslöschliche Blutflecken
Naam Overig in Tekst
Frjentsjerter Feart   
Franekervaart   
Rumeda-state   
Naam Locatie in Tekst
Wjelsryp   
Welsrijp   
Bouma   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20