Hoofdtekst
De boer fan "t Wytfean dy't mei in nachtmerje troude
Wy hienen ris sa'n praatsje oer nachtmerjes en doe kamen wy op Gosse van Dam. Dat wie in dikke boer op it Wytfean, in man dy't der aardich wêze koe. Ik haw him noch wol kennen. Doe't ik in jongkeardel wie, mear as santich jier Iyn, kaam er wol op Feanster (Súrhústerfeanster) merke. It wie in grutte grouwe keardel, fan by de sân foet. Dan hie er in breed sulveren haloazjeketting mei fan dy knopkes sa oer't festje hinne. Hy ried stapfoets, oars hienen de hynders him tefolle te lijen, want dy hienen gjin iisders ûnder. Hy libbe yn't lêst mei in hûshâldster. En doe mienden se, dat er frijgesel wie, mar dat wie sa net.
De pleats dêr't er wenne stie op 't ein fan it Wytfean; der lei foarhinne oan dy kant in âld tsjerkhôf. Dêroer koe men sa yn Eastermar komme. Dy pleats stiet der noch, mar Gosse van Dam hat him letter fertimmerje litten.
Dêr om dat âld tsjerkhôf hinne spoeke it altyd sa. En Gosse woe dêr neat fan witte. Doe krige er ferkearing mei ien en dat waard trouwen. Se rieden nei it gemeentehûs op in boerewein, mei in langtiksel, en twa hynders der foar. En doe't se weromkamen fan Bûtenpost, doe hie de boer in slokje hân, mar mear as ien en twa, want hy wie goed dronken. It frommis krige de jageline yn 'e hân, en wat die se? Se binne net ridende thúskommen. Se kamen ûnderweis by in stik lân, dat wie sines. Dêr jage se de daam yn. 'Wat silst no?' frege Gosse—hy skodkoppe wat. 'Hjir is myn plak', sei se. Dêr hat se de hynders foar de wein wei dien, net útspand. Mei 't span oan binne se thuskommen. Utheakke, it langtiksel op 'e grûn falle litten.
Se gongen op bêd, en doe, by einsluten krige er in nachtmerje op bêd. Hy lei noch gjin tsien minuten, dêr hie de nachtmerje him al te pakken. En wat die er? Hy raasde oars net as: 'Binn' myn hynders al op 'e stâl?'En oars raasde er mar neat. Yn 't lêst wie it dan safier, doe hat de nachtmerje him op'e side rôle, en doe wie 't wer oer.
Hy wie mei in nachtmerje troud. Dat wist er net. Mar stadichoan, doe't se in skoftsje troud west hienen, doe bleau it frommis noait by him op bêd. As er wekker waarde, dan taaste er njonken him, en dan wie se wer fuort. As se dan thúskaam, frege er har: 'Wêr hastû hinne west?'
'Dat is myn plicht', sei se dan, 'ik kin net oars. Witst wol, mei wast troud biste?'
'Jawol—mei dy'.
'Witst wol, wa 'k bin?'
'Nee'.
'Ik bin in nachtmerje—ik bin in nachtmerje—ik bin in nachtmerje!' En fuort wie se.
Trije kear moast it sein wurde: 'Ik bin in nachtmerje'. Dan koenen je wol om je hinne klauwe, sei de boer, mar hja wie fuort.
Dat is sa ôfrûn. Yn 't lêst binne se byinoar wei rekke en de boer hat de nachtmerje noait wer hân. Mar hy wist ek net, wêr't syn frou keard wie. Sy is ferdwûn as bestie se net mear en hie se ek noait bestien. Hy hat it sykjen en sykjen dien, mar se wie net te finen. Sy binne nei Bûtenpost ta gongen.
Yn 't boek fan 'e boargerlike stân stie de datum wannear't se troud wienen, mar sy wie yn 't boek net mear te finen. Mar hoe kin no soks? Wêr moat men dêr mei hinne?
Hy hat gjin bern by de nachtmerje hân. Hy is net wer troud. Yn 't lêst libbe er mei de hûshâldster. Sytse Koning, hjir fan 'e Harkema, dy't der as Iytsfeint wenne, woe witte, oft er ek by de hûshâldster slepte. Mei it fertimmerjen fan 'e pleats slepten se nachts op 'e kowestâlen. Sytse lei op 'e tredde stâl fan hâr ôf. Se brûkten tegearre mar ien bêd.

Beschrijving
Een man is zonder het te weten met een nachtmerrie getrouwd. Op zijn trouwfeest wordt hij zo dronken dat hij zijn vrouw de wagen met twee paarden ervoor, laat besturen. Halverwege komen ze op een stuk land waar niemand woont. De vrouw stuurt een dam in, en ze spant de paarden uit. Vervolgens komt ze met het span aan, haar kleding gescheurd, en de lange dissel verloren, thuis. Sinds de man is getrouwd, krijgt hij iedere nacht een nachtmerrie. Hij raast dan: "Zijn mijn paarden al op stal?" De man ontdekt dat zijn vrouw iedere nacht uit bed gaat. Ze vertelt hem dat ze een nachtmerrie is. Op het laatst verdwijnen zijn nachtmerries, en zijn vrouw verdwijnt ook. Hoewel hun trouwdatum bij de burgerlijke stand bekend is, staat haar naam nergens vermeld. De man is niet meer hertrouwd, maar hij slaapt wel met zijn huishoudster in één bed.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 123-124
Commentaar
5 januari 1977
Nachtmerrie berijdt paard
Naam Overig in Tekst
Gosse van Dam   
Súrhústerfeanster (Feanster)   
Sytse Koning   
Naam Locatie in Tekst
Wytfean   
Bûtenpost [Buitenpost]   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20