Hoofdtekst
Fan dy wikseldaalder, dat is hjir yn 'e Peinjerwei bard, de nije wei, dat de Grinzerwei is. Ha jo de ...'s wol kend, dy feekeapljuwe? Dy rieden earst mei in hûnekarre, mei hintsjes en hoantsjes en sa, mar doe waarde Albert, ien fan dy bruorren, ynienen grut keapman. Hûndert skiep wie him neat. De man is stoarn mei in dik kaptaal jild. Dy hie in wikseldaalder fan 'e duvel krige, seinen se. Guon wolle ha, dat wie op it Peinjer tsjerkhôf, oaren sizze, it wie by de Fjouwer Wringen. Ha jo dêr wol ris praat fan heard, de Fjouwer Wringen? Oan 'e Grinzerwei, hjir twa en dêr twa. De dammen binne der noch wol. Dat der wat wie mei Albert en de Fjouwer Wringen, ha'k sels meimakke.
Sil'k mar begjinne? No, Albert siet efter in keppel skiep yn't lân. Wy wienen fan dy jonge bongels en wy gongen nei Albert ta en doe frege er: 'Jonges, wolle jim my jûn even helpe? Dy skiep moatte nei 't Fean (Surhústerfean), nei de boat ta, en dan moarn nei Ljouwert, nei de merk. Ik wol jim elk wol in dûbeltsje jaan'. Och, wy seinen: 'Jawol!'
Wy dreanwen de skiep mei him nei't Fean ta, en doe wienen wy oan'e foarste daam ta, fan 'e Fjouwer Wringen. De beammen wienen wat dikker yn 'e daam. Ik frege Albert: 'Witte jo wol, hoe't dat komt?' Mar Albert kaam stiif njouken ús; hy sei neat en hy trille, it wie in jonkje gelyk. Ik frege: 'Albert, wat mankeart der oan? Jo koenen wol bang wêze'. Mar hy sei neat en hy seach mar oer 't skouder. Wy tochten om 'e skiep en soargen, dat se net ta de daam yn gongen. Wat wie dy man bliid' doe't we de fjouwer dammen foarby wienen.
Neitiid by de boat waard ik der mear fan gewaar. De eigener fan 'e boat, âlde Toan de Vries, sei tsjin Willem, ek in keapman, mar ien dy't noait sinten hie: 'Dan moatstû dy ek mar oan 'e duvel ferkeapje, Iyk as Albert'. 'Ja', sei Willem, 'mar dat doch ik mar net'. 'Sjoch', sei Toan de Vries, 'hy hat wer in stikmennich jonges mei hân te driuwen. As er it oandoarst hie en dwelmje dêr allinne lâns mei syn keppel, dan gongen alle fjouwer wringen tagelyk iepen en bleau der net in skiep op 'e wei. Dan wie er se kwyt, want hy komt sels net fan 'e wei ôf. Hy begjint altyd te triljen, as er oan dy hikken ta is, want dêr hat er him oan 'e duvel ferkocht. Sadwaande moat er help ha en wol er dy dikke kwajonges graach by him ha'.
'Oan 'e duvel ferkocht', frege ik, 'hoe giet dat?' Der stienen mear by, en de iene wist ditte en de oare datte: 'Dat is mar in licht begryp', seinen se, 'mar in licht begryp! Want de duvel wol ferneukt wurde. Dû giest hinne, likefolle wêre, mar it moat by hikken en dammen wêze, leafst by fjouwer hikken. Dû giest dêr hinne en dan moatst de duvel ferneuke mei in kat. In swarte of swartbonte kat en dy dochst yn in sek. Ast dêr biste, dan seist mar: Wie koopt er mijn haas voor een daalder! Even wachtsje—wer: Wie koopt er mijn haas voor een daalder! Noch even wachtsje—tredde kear: Wie koopt er mijn haas voor een daalder! Dan komt der wat, of ien, by dy en dy jout dy in wikseldaalder. Dan hast noait gjin ferlet mear fan jild, want watst oerhâldst, ast him wikselst, dêr komme iderkear wer sinten by. Mar pas op, datst him noait alhiel útjoust, want dan bist him kwyt en dan hast dy ek foargoed oan'e duvel ferkocht'.
Ik bin der letter ris tsjin Albert sels oer begûn, mar doe makke hy him der ôf. Ik sei: 'No wit ik wol, hoe't jo oan safolle sinten kommen binne'.
'Ho soestû dat witte!'
'Jo ha jo dêr en dêr oan 'e duvel ferkocht, ha se my ferteld'.
'Wa hat dy dat ferteld?'
'Oeds kûper'.
'Hoe wit Oeds kûper dat?'
'Oeds kûper woe ek in wikseldaalder ha. Dy soe 't sels besykje, mar hy wie in bytsje dronken en doe fûn er yntiid wat oars út. In mins kin fleane, sei er, mar hoe wist er net. Hy gong mei twa parrepluen op 'e naad fan 'e skuorre. Hy skuorde se op en del, mar hy knoffele oer de grûn en briek de skonk. No bin 'k net oan 'e duvel ferkocht, sei er, mar oan mysels'.
Oaren fertelde Albert wol wat oer dy wikseldaalder. Krekt sa't it him op dat stuit yn 'e kream te pas kaam. Yn 'e Peinjer Heide wenne in brcer fan him, en dêr wie it altyd kleureklinkende earmoed. Dy sei op in kear tsjin 't wiif: 'Hinke, as 't net al te raar is, wat seist der fan? Albert hat altyd sinten en wy ha noait guon. Ik wol ek in wikseldaalder ha, dan kin 'k ek hannelje Iyk as hy. Hy keapet hûndert skiep tagelyk'.
'Ja', sei Hinke, 'mar net fan dy daalder. Dy sinten hat er in oar ôfset'.
'Nee fanke, dy hat er earlik fertsjinne, fan 'e duvel. Hy hat my fan 'e wike noch krekt útlein, hoe't ik it ha moat. It is neat, jonge, sei er, mar dû moatst wat oandoarre. Dû dochst mar in swartbonte kat yn in sek, of in swarten; dû giest nei 't tsjerkhôf en dû ropst mar, al sjochst ek neat—allinne al dy grêven binne om dy hinne . . .'
'Dan moatst ek mar nei it Peinjer tsjerkhôf ta'.
'Ja—nee, dêr kom ik net, want ik wit wol fêst, dan kom ik der net wer ôf. Dan bin 'k ynienen . . . dan bist my fuort mar kwyt'.
'Ja, en astû dy oan 'e duvel ferkeapest, dan ha 'k ek mar leaver, datst net weromkomste'.
'Och hea, Hinke. . .'
Letter frege ik ús heit ek ris, hoe't dat siet mei Albert syn wikseldaalder. 'Ja', sei er, 'dat is op it tsjerkhôf bard'. Ik frege: 'Wêrom is er dan sa deabenaud by de Fjouwer Wringen?' Dêr hie ús heit wol oan, mar ús mem, dy't der ek by siet, kaam der tusken. Sy sei: 'Dêr ha se al ris ien ôfset. Dat wie in soarte reizger. Dy man hie wol in mennich sinten by him en dy ha se him dêr ôfpoaid. Nee, poaid net—mei alle geweld ha se dy fan him losmakke. Hy is dêr yn 'e sleat te lâne kommen, en no mient Albert noch altyd, dat dy man dêr út'e sleat komme sil'.
Onderwerp
SINSAG 0882 - Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Peinjer (tsjerkhôf)   
Fjouwer Wringen   
Albert   
Fean (Surhústerfean)   
Toan de Vries   
Willem   
Oeds kûper   
Peinjer Heide   
Naam Locatie in Tekst
Peinjerwei   
Grinzerwei   
Ljouwert [Leeuwarden]   
Hinke   
