Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE116 - Frijmitselers

Een sage (boek), woensdag 19 december 1973

Hoofdtekst

Frijmitselers
De lju hienen foarhinne in bulte ferhalen oer frijmitselers, alhoewol't se perfoarst net wisten, wat der no krekt mei de frijmitselerij anneks wie. Ien ding stie foar harren fêst: frijmitselers hienen har siel oan'e duvel ferkocht. As se skjinferlegen wienen, en meastentiids wie dat as se jild brûke moasten, dan koenen se twa kear holpen wurde. De tredde kear kamen se, om sa mar te sizzen, by de duvel te bycht —dan waard dat har ein.
Der is my fan minsken ferteld, dy't se mei de namme neamden—of it gong oer dy har heiten—dy't se fûn hienen mei de holle tusken de speaken fan'e stoel en dy't dêr smoard wienen. Sokken hienen se der net wer út krije kinnen. Dan moasten de speaken út 'e stuollen seage wurde. Der binne my wol in stik of trije ferhalen ferteld fan Iju dêr't it sa mei ôfrûn wie.

Onderwerp

TM 2900 - Vrijmetselaars    TM 2900 - Vrijmetselaars   

Beschrijving

Men zegt dat Vrijmetselaars hun ziel aan de duivel verkocht hebben. Als ze geld moeten gebruiken raken ze in verlegenheid. Ze kunnen maar twee keer geholpen worden. Bij de derde keer komen ze bij de duivel biechten , en dat betekent hun einde. Anderen steken hun hoofd tussen de spaken van een stoel. De spaken moeten dan uit de stoel gezaagd worden om het hoofd er weer uit te krijgen.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 127

Commentaar

19 december 1973
Vrijmetselaars

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20