Hoofdtekst
Hwat ik nou fortel gebeurde mear as 100 jier lyn.
Us pake wie skippersfeint. By de skipper rekke in bern bitsjoend. Hwer't se leinen, wit ik net. Pake woardde der op útstjûrd om nei in duvelbander ta. It wie gâns in ein rinnen, dat hy wie wit hoe lang ûnderweis. Hy krige guod fan 'e duvelbander mei. Dat moest yn it tsjuster stean. En de duvelbander sei der by, dy jouns mocht der net ien ta it skip út, dêr moesten se goed om tinke. It bern mocht neat fan it drankje ynnimme. Doe't pake wer op it skip kom, wie 't al let. It drankje setten se yn 't kastje, dêr't it donker yn wie. Se soargen der foar dat der dy jouns net ien bûten kom. Doe hearden se dy nachts in heislik lawaei oan 'e lûken. It wie freeslik om to hearren, mar der gebeurde fierder neat en it bern is wer better woarn.

Beschrijving
De grootvader van de verteller is knecht op een schip geweest. Op een dag wordt een kind betoverd. Grootvader moet naar de duivelbanner die aan hem een flesje meegeeft. Dit flesje moet een nacht in het duister geplaatst worden en niemand mag gedurende die avond het schip verlaten. Al deze handelingen worden uitgevoerd. 's Avonds horen de schipperslui heel veel lawaai. De volgende dag is het kind weer beter.
Bron
Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 17, verhaal 15
Commentaar
19 februari 1966
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21