Hoofdtekst
Der wie ien, dêr hie'k de pik op yn. Ik woe him wol deameitsje. Hwant ik wie yn myn jonge jierren in earsten fechtersbaes. Op in joun stie ik by de Lauwers op 'e Provinsiale wei dy't rint fan Surhústerfean nei Grinzer Pein. Ik wachte deselde ôf, dy't der oan gelove moest. Ik paste op him. Doe't hy der oan kom, woe 'k nei him ta, mar ik koe net. It wie noait liker as woarde ik fêsthâlden. Ik die myn uterste bêst, hwant ik wie dûm. Mar ik koe mei gjin mooglikheit fan 't sté komme. Krekt as fleach de groun ûnder myn fuotten wei.
Jierren letter ha 'k it der ris mei dyselde oer hawn. Hy wist it noch krekt, mar hie der noait hwat fan bigrepen hawn, like min as ik sels.
Jierren letter ha 'k it der ris mei dyselde oer hawn. Hy wist it noch krekt, mar hie der noait hwat fan bigrepen hawn, like min as ik sels.
Beschrijving
De verteller wordt tegengehouden door iets onverklaarbaars als hij iemand wil 'doodmaken'.
Bron
Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 18, verhaal 9
Commentaar
27 februari 1966
Naam Overig in Tekst
Provinsiale   
Grinzer Pein   
Naam Locatie in Tekst
Lauwers   
Surhústerfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21