Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE118 - Bokkeskonk

Een sage (boek), maandag 08 januari 1973

Hoofdtekst

Bokkeskonk
Tusken Reahel en Alde Ouwer op 'e hoeke, dat men de iene kant út kin nei Dolsterhuzen en de oare kant op nei de Jouwer, dêr stiet in herberch. Der siet altyd in ploech manlju te kaartspyljen en te skutjassen. Untsettend waard dêr dronken en noch folle mear waard der flokt en tsierd.
Op in jûn kaam der in keardel yn, dy woe wol meispylje. Dêr rekken se mei oan 'e gong en dy fint wûn earst hyltyd en doe gong dat wer op in flokken en mâltjirgjen. Mar ynienen begûn dy keardel te ferliezen en de oaren dy wûnen allegear en it waard ien stik jild allegearre jild en dy keardel betelle mar.
En doe sloech ien sa hurd mei de knokkel op'e tafel, dat de kaart foel op'e grûn. De man soe de kaart opkrije, mar sa't er mei de holle ûnder de tafel kaam, seach er, dat dy keardel dêr't se mei kaartspilen hie ien bokkeskonk. Hy kaam wer boppe de tafel en raasde, ôfgryslike lûd: 'Dit is gjin goed spul, dit doocht net!'
En mei sloech de iene of oare de lampe út, it waard allegear reek. Party fan 'e mannen fleagen dwers troch de glêzen nei bûten, guon binne ek noch troch de sleat bruid. Doe't se neitiid wer yn 'e herberch kamen, troffen se de kastelein en de frou wakker oerstjoer oan, mar dy keardel wie fuort.
Dat hie dan Koarthakke west, sa't se seinen.

Onderwerp

SINSAG 0904 - Der vierte Mann. Teufel als Kartenspieler erkannt am Bocksfuss (Pferdefuss).    SINSAG 0904 - Der vierte Mann. Teufel als Kartenspieler erkannt am Bocksfuss (Pferdefuss).   

Beschrijving

Een groep mannen is aan het kaartspelen in een herberg. Een vreemdeling wil meespelen. In het begin wint hij, maar later beginnen de andere mannen te winnen. Wanneer een kaart op de grond valt, raapt een van de mannen hem op. Hij kijkt dan onder de tafel en ziet dat de vreemdeling een bokkepoot heeft. De lamp gaat uit en de mannen vliegen door het raam naar buiten. Als ze later terugkeren, is de vreemdeling verdwenen.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 130

Commentaar

8 januari 1973
Der vierte Mann. Teufel als Kartenspieler erkannt am Bocksfuss (Pferdefuss)

Naam Overig in Tekst

Dolsterhuzen [Delfstrahuizen]    Dolsterhuzen [Delfstrahuizen]   

Jouwer [Joure]    Jouwer [Joure]   

Koarthakke    Koarthakke   

Naam Locatie in Tekst

Reahel    Reahel   

Alde Ouwer    Alde Ouwer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20