Hoofdtekst
Sneinswurk
Der wie ris in boer, dy woe foar de snein noch graach it léste hea yn ha. De sneontejûns let lei him dat noch oan ien weide. Dêr woenen de boer en de feint noch om te fjilde. De feint soe opstekke, en de boer de weide der op sette. Sa rekken se te wurk, se soenen him noch moai flot efkes loegje.
Dat gong ek oft it slydjage, mar op in stuit frege de boer: 'Binne wy der hast?'
'Nee', sei de feint, 'ik kin noait sjen, dat de protte hea Iytser wurdt'.
'Soa', sei de boer, 'en ik kom hjir noait heger. In nuver spul'.
Doe frege de feint: 'Hoe let is 't, boer?'De boer op 't haloazje sjen. Hy sei: 'Jonge, it is al healwei ienen'.
Doe namen se mar oan, dat se fan tolve oere ôf, dus fan dat it snein wurden wie, alle wurk om 'e nocht dien hienen. Dat se binne mar nei de pleats set. De weide hea is, safier as dy der op siet, stean bleaun oan moandeitemoarn ta.

Beschrijving
Een boer en zijn knecht willen het werk op zaterdagavond afmaken voordat de zondagsrust begint. Wanneer ze gaan hooien, blijkt dat het werk maar niet opschiet. Ze zijn al een uur aan het werken in de zondagnacht. Ze besluiten pas op maandagmorgen verder te gaan. Op zondagswerk rust geen zegen.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 131
Commentaar
16 oktober 1974
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20