Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE123 - Ko oer de hage set

Een sage (boek), donderdag 07 december 1972

Hoofdtekst

Ko oer de hage set
Us beppe hat my wol ferteld, der wie in paad, dêr doogde it net. En doe wie der in boer—hy hiet Uke—dy leaude nearne oan. 'Och, wat soe dat paad!'sei er. Nachts dan mijden de Iju oars dat paad, mar op in kear moast dy boer in ko nei de boat bringe. De ko oan 't tou en doe de boer en de feint dat iensume paad del. Der stie in hege, tichte hage by lâns. En dêr waard dy ko har út 'e hannen nommen en boppe oer de hage hinne set en dêr stie de ko oan 'e oare kant. Doe waarden se dan kjel. De ko koe net troch de hage, dat de feint moast in hiel ein omrinne om de ko wer op it paad te krijen.
De boer sei: 'Dat sil dan duvels komme, as de ko hjir net lâns rekket'. Se wienen foar de twadde reis oan datselde plak ta, dêr waard de ko har wer út 'e hannen skuord en opnommen. Sy hellen de ko foar de twadde kear op. De tredde kear, wer de ko op itselde plak oer de hage set.
Doe sei de boer: 'Dit is de tredde kear, dit is skiepperjocht. Uke folget oars syn eigen kop, mar wy geane no de oare kant mar om'.

Beschrijving

Er bestaat een pad, waar het niet pluis is. Een boer, Uke, is voor niets bang. Op een keer moet hij samen met een knecht een koe naar de boot brengen. Hij gaat via het pad, maar tot drie keer toe wordt de koe over de heg langs het pad getild door onbekende oorzaak. Uke besluit dan maar om een andere weg te nemen.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 133

Commentaar

7 december 1972

Naam Locatie in Tekst

Uke    Uke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20