Hoofdtekst
Dronken spotter kaam om
Der wenne ris in boer yn 'e omkriten fan Easthim, dy wie sa oan 'e drank ferslingere, dat hy liet de hiele buorkerij fersleaukje. Alle moarnen tocht er, ik moat hjoed in bytsje minder drinke en mear oan 't wurk dwaan, mar der kaam noait wat fan— de drank hie him yn 'e macht. Men kin fan tinken wol ha, dat it der yn dy boerehúshâlding net fleuriger op waard. Net allinne dat de sinten op rekken, mar de boer hie ek noch in lilke drank oer him. As er de hichte hie, dan krige er in ferskuorrend min sin en hy flokte en tjirge him om mâlens.
Op in jûn dat it min waar wie, sette de boer wer ta de doar ut. De frou liet him strûze; se wist wol, dat der doch gjin hûs mei him te hâlden wie. Hy belâne op Nijesyl yn it herberchje, dat sa skeef by it wetter stie. Dêr sieten syn maten al om 'e tafel. As dy ploech sa byinoar siet, dan bleau it net by sûpen, mar it gong ek op in winskjen en swearen. Sterke ferhalen gjin genôch; se beaën tsjininoar op. De boer sûpte dy jûns sa't er noch noait sûpt hie. En hy begûn te sprekken en te flokken, sa hie nimmen it noch oait fan him heard. Sels dit omsittend laach gong it op 't lêst te rûch. Hy sei: 'Hoe sterk as ik bin, dêr is de ein fan wei. As 't wêze moat, kin ik jim hjir allegear wol ûnder de tafel lizze'. Net ien dy't dêr tsjinyn gong—se wisten wol, wat er yn 'e bouten hie en se wisten ek, watfoar drank as er oer him hie. 'Jimme', sei er, 'jimme doare neat, mar as 't der op oankomt, dan doar ik wol mei de duvel fjochtsje'.
Sa stie er dêr op syn skonken te weven. Mar doe waarden de oaren har eagen grut fan skrik: sûnder dat der ien by styng, gong de doar iepen en de boer ferdwûn troch de doar, ja hy waard der gewoan troch sûge.
Sa stienen se dêr in amerij. Doe rûnen se him efternei. Lykwols, net ien, net ien koe in spoar fan de man ûntdekke. It wie neare nacht.
De oare moarns fûnen se syn Iyk yn'e mar, wol trije kilometer fierder.

Onderwerp
SINSAG 0918 - Teufel führt Sünder mit.   
Beschrijving
Een boer drinkt veel te veel. Op een avond gaat hij naar de herberg waar hij de duivel uitdaagt en vloekt. Hij zegt dat hij zelfs voor de duivel niet bang is. Opeens gaat de deur open en wordt de zuiplap naar buiten gezogen. Zijn maten kunnen geen spoor van hem vinden. De volgende dag wordt zijn lijk in een meer drie kilometer verderop gevonden
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 132-133
Commentaar
10 juni 1975
Teufel führt Sünder mit
Naam Overig in Tekst
Easthim [Oosthem]   
Nijesyl   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20