Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE125c - Lykstaasjes

Een sage (boek), vrijdag 12 oktober 1973

Hoofdtekst

Lykstaasjes
Op Sumarreheide wenne in frou, Antsje, dy seach foar. Doe wie der in jongkeardel, dy sei: 'No Antsje, is der ek wat nijs op 'e buert?' Se sei: 'Ja, der komt nijs. Dû en ik komme op 'e selde begraffenis. En moatst hjir mar om tinke—ast foar it gat fan 'e hage stieste, dan sil ik dy wol even taknikke'. No, doe waard er al in bytsje kjel. En it wie de oare wyks, syn heit waard raar, krige in beroerte en rekke desélde deis wei. Hy tocht, Antsje komt fêst op 'e begraffenis, want dy wenne tichteby, mar se sil noait gelyk krije—ik sil soargje, dat ik net foar it gat fan 'e hage kom te stean. Mar doe't it begraffenisfolk allegear bûtendoar wie, feroaren se de opstelling. De dragers seinen: 'Dit mar út en dat mar út', en ear't hy der erch yn hie, stie er foar it gat fan 'e hage. Hy seach krekt foar him út en dêr stie Antsje en hja knikte him ta. Antsje hat wol folle mear foarsjoen.

Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Een helderziende vrouw voorspelt een man dat ze binnenkort samen op dezelfde begrafenis zullen zijn. Ze zal hem dan toeknikken als hij voor het gat van een haag staat. De man gelooft het niet, maar als zijn vader overlijdt begint hij het te geloven. Hij wil er wel voor zorgen dat ze niet gelijk krijgt en wil daarom vermijden voor het gat van de haag te gaan staan. Op de begrafenis willen de dragers van positie veranderen, en staat de man voor hij het weet voor het gat van de haag. Aan de overkant knikt de helderziende vrouw hem toe.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 136

Commentaar

12 oktober 1973
Leichenzug gesehen

Naam Overig in Tekst

Antsje    Antsje   

Naam Locatie in Tekst

Sumarreheide    Sumarreheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20