Hoofdtekst
Lykstaasjes
In âldomke fan my, Knilles Veenstra, sjoech ek foar. Se wienen oan 't greiddollen en doe sei er tsjin ien fan 'e oare mannen: 'Wy moatte even opsjen, want der giet in Iyk de wei del en dêr bistû ek by, en dyn sweager is der ek by. En it kaam ek sa út, in pear dagen letter wie dat al sa.
Dizze âldomke hat ek in skoftsje by myn beppe, dat wie syn suster, hjir yn 'e Westerein yn 'e hûs west. Der wennen ek in pear beppesizzers by har, dan sei omke tsjin 'e bern`: 'Jim moatte jûns de klompen al in bytsje oan 'e kant sette, want ik bin in âld man en ik moat der faak hastich troch. Ik móát hastich. Mei in pear dagen giet hjir in Iyk de wei del en dat móát ik foartiid sjen'. Dan moast er oan it hekje ta, hy waard fan 't bêd ôfdreann. En oft der in hek of in stek wie, likefolle mei hok skerp stikeltrie, hy moast rjocht troch. Letter doe't er in hiel âld man wie, doe koe er sa goed net mear, mar hy moast it sjen.
Twa fan syn dochters hat er ferlern. Doe hie er de kisten foartiid al oer de flier stean sjoen. Hy wist, dat se stjerre soenen.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Onze oudoom is helderziend. Op een dag is hij met wat mannen gras aan het maaien. Hij zegt tegen de mannen dat ze even op moeten kijken omdat er een lijkstoet over de weg rijdt. Hij zegt dat één van zijn mannen erbij is en ook de zwager van die man. Een paar dagen later komt het uit. Wanneer de oudoom gaat schaften bij zijn zus, moeten alle klompen aan de kant. Hij wil makkelijk naar buiten kunnen lopen als er weer een lijkstoet over de weg heen trekt. Hij heeft twee van zijn dochters verloren, en beide keren heeft hij het al voorspeld.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 136
Commentaar
19 juni 1972
Leichenzug gesehen
Naam Overig in Tekst
Knilles Veenstra   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20