Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE129 - Wat Tamme Wobbes efter de Eastermarre mûne seach

Een sage (boek), september 1971

Hoofdtekst

Wat Tamme Wobbes efter de Eastermarre mûne seach
It spilet yn 'e twadde helte fan 'e foarige ieu, mar wannear kin ik net krekt sizze. Tamme Wobbes wie in âld skipper en hy mocht graach fiskje. Op in jûne yn it begjin fan augustus gong er efter de mûne
sitten te poeren. It hie in waarme dei west, de sinne wie al lang weisakke efter de Burgumer tsjerke, de dauwe kaam opsetten út 'e sleatten en striek oer't lân. It fangen waard net folle, mar it wie in moaie, fredige jûn. Hark, dêr kamen noch in pear weiden hea de Sumarrewei del, grif boeren út'e Boerestreek, dy't blaugêrshea efter Garyp wei helle hienen.
It lûd stoar wei. Even letter begûn Jelle Imkes syn hûn te spoekgûlen. Dat hearde raar en dat mocht er net graach hearre, want it betsjutte net folle goeds. Hy siet te mimerjen, de ieltsjes woenen noch net bite. En dêr ynienen—dêr klonk gelûd oer de mar wei. Der kaam in grut swart ding oanskowen, skeanoer. Tsjokke reekwolken kamen der út, ûnder skynde fjoer te wêzen. It kaam sa tichte by, dat de baren sloegen tsjin syn boatsje oan. Hy waard sa benaud, dat hy sprong der út en kaam heal yn 't wetter en heal op 'e kant te lâne, en hy makke dat er fuortkaam.
Yn 'e herberch praten se der noch oer nei. Guon seinen, hy wie grif yn 'e sliep fallen en hie in drôge hân. Oaren seinen: 'Wy sille wol ris sjen'. Wat barde? In jiermennich letter kochien in pear Iju in stoomboat. Dy soe farre fan Eastermar op Ljouwert mei fee en fracht. Doe't dy boat der oan farren kaam, stie heal Eastermar by de brêge. Yn dy tiid wie der in nije Luts kommen, hy wie ferlein. Sadwaande foer de boat krekt op itselde plak as dêr't Tamme Wobbes him sjoen hie.

Onderwerp

SINSAG 0493 - Vorzeichen eines Kanals    SINSAG 0493 - Vorzeichen eines Kanals   

Beschrijving

Een man gaat 's avonds vissen. Als zijn hond angstaanjafgend begint te huilen, is dat vooor de visser een slecht teken. Opeens ziet hij over het water een groot zwart ding aankomen, waar de rook vanafkomt. De visser wordt bang en vlucht weg. Een paar jaar later vaart er op datzelfde water voor het eerste een stoomboot. De visser heeft alles voorzien.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 139

Commentaar

september 1971
Vorzeichen eines Kanals. Schiffe fahren über Land (mit Lichtlein im Mast)

Naam Overig in Tekst

Tamme Wobbes    Tamme Wobbes   

Burgumer (tsjerke)    Burgumer (tsjerke)   

Boerestreek    Boerestreek   

Jelle Imkes    Jelle Imkes   

Naam Locatie in Tekst

Eastermar [Oostermeer]    Eastermar [Oostermeer]   

Sumarrewei    Sumarrewei   

Garyp [Garijp]    Garyp [Garijp]   

Ljouwert [Leeuwarden]    Ljouwert [Leeuwarden]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20