Hoofdtekst
Dit wurdt jim lêste reis
Wy mochten graach ride en wy sieten yn 't wetterlân. Mar heit warskouwe altiten:
'Tink der om mei de marren, dat jim dêr noait jûns let oer geane'. En dan kaam in ferhaal op 'e lappen, dat hie er fan beppe. Ik wit net goed, wêr't it bard is, op 'e Groustermar of op 'e Burgumermar, ik wit wol, dat der in feint en in faam yn in kistewek ferdronken binne. Foaral de Burgumer lei foarhinne wol gauris kiste-ark yn. Dan is der iis byinoar op skood. Oerdei sjocht men dat wol, mar by skimerjûn of by tsjuster kin men der sa op ride. It is bomiis en dan falt it yn en dat is tige gefaarlik.
Der wienen in feint en in faam, dy soenen tegearre te riden, mar de boer sei: 'Jim moatte dêrom tinke—dit wurdt jim lêste reis'. 'No, it moat net mâlder', sei de faam, 'wy komme strak wer thús'. De boer sei noch ris: 'Dat fertrou ik net'. Hy hie tefoaren har liken sjoen, seit it ferhaal. Mar sy gniisden der wat om. De hinnereis rieden se oer de mar en doe wie der neat te rêden, mar de weromreis doe lei der in kiste-ark en dêr rieden se beide yn en doe ferdronken se. Stiif befêrzen waarden se op 'e pleats binnen brocht, krekt sa't de boer se sjoen hie.

Beschrijving
Een boer waarschuwt zijn knecht en de vriendin van de knecht, dat ze beter niet kunnen gaan schaatsen omdat hij voorspelt dat dat hun laatste tocht zal zijn. De knecht en het meisje lachen erom en gaan toch. Op de terugweg rijden ze in een wak en verdrinken. Ze worden helemaal bevroren naar de boerderij terug gebracht. Alles is gegaan precies zoals de boer het al gezien heeft.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 139-140
Commentaar
9 december 1978
Naam Overig in Tekst
Groustermar   
Burgumermar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20