Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE131 - De moleroede

Een sage (boek), vrijdag 21 oktober 1977

Hoofdtekst

De moleroede
Ik haw ris in ferhaal heard fan in man, dy hie it oer in kunde fan him. Dy kunde hie op Boalserter merke, of op Snitser merke, by in wiersizzer west en dy hie him foarsein, dat hy soe troch de slach fan in moleroede oan syn ein komme.
Hy wie boer en hy hie in mole, mar hy paste sûnt dy tiid altyd tige op; hy kaam der noait by as de mole yn 't wurk stie. Mar op in kear, it wie al in hiel skoft letter, wie er by de mole en dy stie ynslein. Mar op in stuit foel de wyn en de mole draaide net mear. Der soe mear seil by moatte. Hy rûn der sa op ta en stie der by te sjen, en doe ynienen begûn de mole wer te draaien en is er troch in roede deaslein.

Beschrijving

Een waarzegger voorspelt een man dat hij door de slag van een molenwiek aan zijn einde zal komen. De man is molenaar, en neemt zich sinds die tijd voor om nooit meer in de buurt van de wieken van zijn molen te gaan staan. Op een keer houden de wieken op met draaien. Hij staat bij de molen te kijken, tot de wieken opeens weer beginnen te draaien. Hij wordt door een wiek geraakt en overlijdt.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 140

Commentaar

21 oktober 1977

Naam Overig in Tekst

Boalserter (merke) [Bolswarder]    Boalserter (merke) [Bolswarder]   

Snitser (merke) [Sneek]    Snitser (merke) [Sneek]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20