Hoofdtekst
Sa hiene wei op dizze pleats (hwer ik nou wenje) ris in kou, dér hie de féarts it keal fan helle. It beest koe net stean. De féarts sei: “Dy stiet ek direkt noch net! Hy moat yn 't sân lizze.” De frou sei: “Ik helle Wopke der ris by.” Ik op 'e fyts nei Wopke. Dy sei: “Ik kin joun net mear komme. Ik ha in gefal hawn en bin nou to wurch, mar ik kom moarnier.” De oare moarns wy it hynder fan de stâl om in foer sân te heljen. Underwiles komt Wopke. Nei de kou. Wy en de man dy it sân ophelje soe, stiene der omhinne. Wopke oan 't striken en praten tsjin 't beest: - hy wie wol in hjelûre oan de gong - : “Nou bist al aerdich sterker wurden; dou kinst nou ek wol stean.” En hy hie 't net sein, of it beest gong stean. De kou stoun in hjel ûre en wy seagen der wer by. Wopke sei: “Nou giet er wer lizzen.” Hy hie 't noch mar krekt sein, of de kou gong ek. “Nou giet er joun om acht ûre of moarnier om acht ûre wer oer ein” forfette Wopke. Fansels wienen wy niisgjirrich hoe it komme soe. Undertusken komt de féarts en dy seit: “Hy leit yn 't sân hè? Noch net stien seker?” “Fan 'e moarn hat er stien” sei ik. De féarts nimt sin mûtske ôf en seit: “Wol fordomd!”
De jouns acht ûre, der stie der allinnich en wjerkôge
De jouns acht ûre, der stie der allinnich en wjerkôge
Onderwerp
TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   
Beschrijving
Na strijken door een bestrijker komt een kalf overeind.
Bron
Collectie Wouda, verslag 22, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Genezer Wopke Bruinsma uit Workum
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Wopke Bruinsma   
Plaats van Handelen
Workum