Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA002205

Een sage (mondeling), dinsdag 11 september 1962

Hoofdtekst

Sel ha ik de foet stikken hawn. Ik rekke op in moarn ûnder it hynder yn 'e stâl. It trape myn foet kapot. Ik koe der noch wol op stean. De dokter der by. Dy sei: “Hy is noch net kapot.” Mar ik forgong fan pine en de oare deis hie ik in heel dikke foet. Wy binne direkt nei Brúnsma gongen, want ik wie forlegen fan pine. Dy sei: “De bonke is stikken” en lei der in swachtel om hinne. Hy struts der oer hinne en sei doe: “Jo moatte nei 't sikenhûs. Ik ha yn trije dagen gjin pine yn 'e foet hawn. Ik bin nei 't sikenhûs rekke en dêr stelden se fêst, nei trochljochtsjen: de skynbonke wie wol stikken, mar hy hoechde net set to wurden, hwant de dielen sieten noch rjocht foar elkoar.

Onderwerp

TM 3102 - Belezer geneest mens of dier    TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   

Beschrijving

Strijker neemt pijn in voet weg.

Bron

Collectie Wouda, verslag 22, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Brúnsma    Brúnsma   

Bruinsma    Bruinsma   

Wopke Bruinsma    Wopke Bruinsma   

Plaats van Handelen

Workum    Workum