Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA002206

Een sage (mondeling), dinsdag 11 september 1962

Hoofdtekst

It greatste wûnder, dat ik meimakke ha, wie mei Jantsje Vrolijk. Dy wie yn desimber siik wurden. Se rekke yn Ljouwert yn 't sikenhús. Dêr waerd se opereard. Der waerd spul opstjûrd nei Utrecht foar ûndersyk. De dokters joegen har noch gjin jier, hwant it like net bêst. “It komt hwerom” seine se tsjin de famylje. En it gong lyk as de dokters seinen, al mar achterút. In maert is se al frij min. Doe komt Wopke by ús op in kear; ik leau by in kou. Ik sei tsjin Wopke: “Hoe giet it yn Woarkum?” Hy sei:“ Nou, mei Jantsje sil wol gean, mar Frans!” (Frans wie har man) Dy wie soune mienden wy. Wopke gong wer fut en ik sei tsjin de frou: “Dy man is nou dochs ek wol goed mis.” Mar fjouwer wike letter wie Frans siik en noch fjouwer wike letter nei 't sikenhûs foar ûndersyk. Dêr opereard, of leaver: iepen hawn. Kanker! Yn april, maeije, ha se hjir to gearre lein, elk op in bêd. Wopke kaem stees by Jantsje. De dokter en de famylje seine: “Hwa sil earst gean?” Yn augustus is Frans oerleden en Jantsje is genezen, nettsjinsteande se troch alle dokters opjown wie! Se libbet noch en it is al jierren lyn.

Onderwerp

TM 3102 - Belezer geneest mens of dier    TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   

Beschrijving

Zieke vrouw is opgegeven door de artsen. Voorspelling van belezer dat de vrouw zal genezen en haar man zal sterven komt uit.

Bron

Collectie Wouda, verslag 22, verhaal 6

Naam Overig in Tekst

Jantsje Vrolijk    Jantsje Vrolijk   

Wopke    Wopke   

Wopke Bruinsma    Wopke Bruinsma   

Frans    Frans   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Utrecht    Utrecht   

Woarkum    Woarkum   

Workum    Workum   

Plaats van Handelen

Workum    Workum   

Kloekenummer in tekst