Hoofdtekst
Hantsje Jans Speerstra wie boer yn Akkrum. It wie in forneamde hurdrider. Hy is stoarn yn 1890. Der is noch in rymke fan bikend, da sa bigjint:
Hantsje Jans fleach oer it iis
It wier in minskegriis.
Dat er him wol aerdich fortroude blykt wol út hwat er tsjin de keurmaster sei:
“Tel mar net ôf. Lit him mar ride, dan kin ik sjen hoe hurd ik moat.” Letter, doe er al frij âld wie, hat er it ris hawn, doe ried er nei Ljouwert. Hy hie 't yn 'e wyn en die it kalm oan. Der wiene trije man oan in heakje, dy rieden him achteryn. Dy seine tsjin him: “Mar efkes achter oan it heakje net âlde baes?”
Mar hy liet se earst efkes ride, in gesicht fier, en sette doe útein. Se dienen har bêst wol, mar bleauwen fier achter. Hy sei yn 't foarby-riden: “As jim nei Ljouwert moatte, sil ik wol sizze dat jim der oan komme.”

Beschrijving
Verhalen over vermaarde hardrijder Hantsje Jans Speerstra.
Bron
Collectie Wouda, verslag 24, verhaal 10 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Hantsje Jans Speerstra   
Hantje Jans Speerstra   
Naam Locatie in Tekst
Akkrum   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Kloekenummer in tekst
B120p   
B056p