Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA002501

Een sage (mondeling), maandag 10 september 1962

Hoofdtekst

De bern fan master R. Walda hjir yn Parregea, wien bitsjoend. Se tsjirmen om, woene net groeije. Yn 'e kessens founen se hwat, dat hurd oanfielde. Dy waerden iepen makke en der siet in krânse yn. Doe wie it dúdlik: se (de bern) wiene bitsjoend.
Mar troch hwa? Der wiene in pear âlde minsken yn it doarp, froulue, dy trillen sa. It wiene twa susters. Ien roan mei negoasje. Wy krigen wol ris in suertsje of sa fan har. Dat koene wy wol opite, mar dan moasten wy der om tinke, dat wy in stikje dérfan weigoaiden. Dan wie it algemien oardiel ûnder ús, bern.
Wy leauwden ek fêst: as it mâl waer wie, rieden se op 'e luiwagen (bezem) it tsjerkhôf yn 'e rounte. Dan kaem gjin bern yn 'e buert fan it hôf; en ek greaten bleauwen dér leafst wei, hwant it wie sûnder mis: dy froulue wiene tsjoensters. It wie slim hoe se skodden; se koene it evenwicht net hâlde. Ek al in bewiis foar ús dat it mei harren net doogde!

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste    SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste   

Beschrijving

Kinderen moeten betoverd zijn nadat een krans in kussen is gevonden. Oude vrouwen worden gezien als heks, volgens kinderen rijden ze met slecht weer op bezem rond kerkhof.

Bron

Collectie Wouda, verslag 25, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

R. Walda    R. Walda   

Naam Locatie in Tekst

Parregea    Parregea   

Parrega    Parrega   

Plaats van Handelen

Parrega    Parrega