Hoofdtekst
Hinse Beest
Hinse holp de boeren wol ris te feeferweidzjen. Sa wie er ek ris mei Sibe Rypkes, in boer fan it Heechsân, ûnderweis mei hoklingen. Dy moasten se nei de Grinzer Klaai bringe. Se wienen op it Jachtfjild, flak by't Surhústerfean. En Hinse rûn efter dy hoklingen. Dêr kaam in boer oan mei twa hynders foar de tilbry. En dat wie dek-op! Hy soe dwers troch dy hoklingen hinne ride mei syn reau. 'Oh', sei Hinse, 'dy moat mar even stean bliuwe!' En mei stienen dy hynders stokstiif stil. De boer hufte der op mei de swipe, mar hy koe se net foareut krije. Hinse woe net ha, dat er troch dy hoklingen brûze soe. Pas doe't it lêste hokling de tilbry foarby wie, liet er it spul wer ride.

Beschrijving
Hinse helpt de boeren soms om het vee naar een andere wei te brengen. Onderweg komen ze een rijtuig tegen dat dreigt de koeien aan te rijden. Hinse zegt echter dat de paarden maar even stil moeten staan. Op dat moment staan de paarden stil. Pas wanneer de laatste koeien voorbij zijn, kan het rijtuig weer verder rijden.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 151
Commentaar
Verhaal verteld samen met broer Willem van der Brug.
Naam Overig in Tekst
Sibe Rypkes   
Heechsân   
Grinzer Klaai   
Hinse Beest   
Naam Locatie in Tekst
Jachtfjild   
Surhústerfean [Surhuisterveen]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20