Hoofdtekst
Hinse Beest
Yn myn jonge jierren wienen de minsken hjir yn 'e Harkema hiel lichtgelovich. Hjir om ús hinne wienen ferskeidene, ferskeidene betsjoend. Jûnes hienen se slotgatten en alles stoppe, oars koenen de tsjoensters dêr troch fleane . Hjir wenne in âld man, dy neamden se fan Hindrik Pyt, mar hy skreau him fan Ophús. Dy gong foar in tsjoenster. It hiet, dat er ferskeidene op'e buert betsjoend hie. It fee betsjoende er ek. Der wienen minsken, dy hienen bargen en dêr kaam Hindrik Pyt wol gau ris by te sjen. Earst hienen dy minsken dêr gjin erch yn, mar dy bargen begûnen te sukkeljen. En wat der kaam te dwaan—dy bargen binne allegearre stoarn. Sjoch, dy man krige fansels de skuld, dat er dy bargen betsjoend hie.
Ik ha wol baaid hjir yn 'e poel mei jonges út in húshâlding, dy wennen flak njonken him. Dan hienen dy jonges allegear in kladsje op 't boarst, mei in touke om 'e hals, en dêr in stikje duveldrek yn. Dan hie de tsjoenster dêr gjin fet op.
Dy't betsjoend wienen reizgen dan nei Hinse Duvelbander, dy wenne op it Swartfean. Sa gong de heit fan dy bern dy't ik krekt neamde ek ris nei Hinse. Dy bern wienen betsjoend, guon leinen op bêd, sa slim hienen se it te pakken. Doe't er by Hinse kaam, frege dy: 'Wannear binne jo fan hûs gongen?' Dat koe de man net fertelle, want de klok en de wekker en it haloazje wienen allegear stean bleaun. 'Ja dat wist ik wol', hie Hinse sein en doe hie er dy man medisinen jûn.

Beschrijving
In Harkema zijn de mensen zeer bijgelovig. 's Nachts stoppen ze alle gaten en kieren dicht, anders kan er een tovenaar binnenkomen. Hindrik Pyt wordt ervan verdacht een tovenaar te zijn. Hij heeft een aantal varkens betoverd. Veel mensen dragen om hun hals een zakje met wolfsmelk erin, zodat de duivel geen vat op hen heeft. Een vader is bij Hinse Duvelbander een medicijn gaan vragen voor zijn bezeten kinderen. Alle klokken staan bij hem stil. Dat wist Hinse al.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 151-152
Commentaar
Verhaal verteld samen met broer Willem van der Brug.
Naam Overig in Tekst
Hindrik Pyt   
Hinse Duvelbander   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Ophus   
Swartfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20