Hoofdtekst
Hinse Beest
Soms wie it mar gefaarlik en reizgje nei Hinse Duvelbander, want der koe immen ûnderweis fan alles oerkomme. Mar der wie in man hjir yn 'e Harkema, dy wie nearne fan ferfeard. Dy doarst rûnom wol hinne en dy hienen se dan mei gegevens fan 'e minsken dy't betsjoend wienen op stap nei it Swartfean, nei Hinse ta.
Doe wie it op in winter en hy koe oer iis. Hy gong op'e redens hinne en doe ried er sa oer de Wide Pet. Dy is no oanmakke yn lân, mar it wie doe in grutte wetterflakte. In dikke hânstok hie er by him, in grouwe kneppel. Want hy tocht al, ik moat oppasse, der koe ris wat barre. Sa kaam er dan op it Swartfean by Hinse. Hy krige drankjes mei, mar doe sei Hinse tsjin him: 'Der sil jo aansent ûnderweis wol wat moete. Want op dy drankjes dêr is it op fersjoen. Dy moatte jo goed fan kant stopje yn 'e bûse'.
No, doe kaam er yn 'e weromreis wer oer de Wide Pet. En ja, der kamen ynienen in stik of wat katten út it iis. Ja, dy kamen út it iis! En hy slaan mei syn stôk, mar hy koe noait in kat reitsje. Noait in kat. Mar de man wie der wol op fertocht, meidat Hinse him warskôge hie. Dy drankjes mochten de minsken dy't betsjoend wienen net ha, want dan wie 't foar de tsjoensters ferlern. Mar de drankjes koe er bebâlde en sa kaam de man wer thús.

Beschrijving
Het is erg gevaarlijk om de reis naar Hinse Duvelbander te ondernemen. Een man is voor niets en niemand bang en gaat daarom voor alle bezeten mensen naar Hinse om medicijnen te halen. Het is winter, dus hij schaatst over het ijs. Hij krijgt van HInse een aantal drankjes. Hinse waarschuwt hem dat hij op moet passen, want dat die drankjes weleens gestolen zouden kunnen worden door tovenaars. De man keert terug en onderweg komen er opeens katten uit het ijs. De man heeft zich echter voorbereid, heeft de drankjes goed opgeborgen en slaat de katten met een stok van zich af. Zo komt hij toch nog veilig thuis.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 152
Commentaar
4 februari 1972
Naam Overig in Tekst
Hinse Duvelbander   
Wide Pet   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Swartfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20