Hoofdtekst
Grutte Wopke fan Kûkherne
Hjir oan 'e Alddyk ûnder Sint Anne wenne in boer, dy hiet Binnema. It wie in widner en hy wenne mei in húshâldster. Dy húshâldster wie spoekbenaud foar foarsjirmerij en tsjoenderij. En nachts miende se te hearren, dat de hynders op 'e stâl en de kij yn 't bûthús troch de duvel of in sadanigen beseten en riden waarden. Doe kaam se op 'e gedachte, dat dy boer syn bern moasten in pûdsje mei duveldrek op 't boarst drage. Mar likegoed miende se, dat dy bern betsjoend wienen en se prate krekt salang, dat de boer naam de reis oan nei de Wâlden, nei Grutte Wopke fan Kûkherne. Hy lei him út, dat it thús feitlik mar in boel wie, want de bern wienen betsjoend. Pûdsjes mei duveldrek holpen ek al net. Ien fan dy jonges syn pûdsje wie sels lek rekke en dêr hie dat bern ek noch in iepen boarst fan krige.
Wopke skodholle. 'Watfoar geloof ha jo?' frege er. No, hy wie dan grifformeard. Wopke sei: 'Dan moatte jo mar wer nei hûs ta gean en lûk jo neat oan fan wat dat minske seit. Want dat is mar in idee fan har'.
Sadwaande rekke Binnema mar wat beskamme nei hûs.
Dit moat sa yn 't lêst fan'e foarige ieu west ha.

Beschrijving
Een boer is weduwnaar en heeft een huishoudster. Deze huishoudster is bang voor toverij. Ze denkt dat 's nachts de paarden en de koeien door de duivel worden bezeten. Ze laat daarom de kinderen van de boer een zakje met wolfsmelk op hun borst dragen. Later denkt ze dat ook de kinderen bezeten zijn en ze haalt hun vader over om naar Grote Wopke te gaan. De boer legt het hele verhaal uit aan Wopke. Deze vraagt welk geloof ze hebben. De boer antwoordt dat ze gereformeerd zijn. Wopke zegt dat hij dan maar geen aandacht schenken aan wat de vrouw beweert. Beschaamd gaat de boer terug naar huis. Dit is gebeurd aan het einde van de vorige eeuw.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 153
Commentaar
11 februari 1972
Naam Overig in Tekst
Sint Anne   
Binnema   
Grutte Wopke fan Kûkherne   
Naam Locatie in Tekst
Alddyk   
Wâlden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20